Frou mei mes bedrige yn fytstunneltsje Bitgum

Yn Bitgum is tongersdeitemoarn in frou bedrige mei in mes. It barde betiid, om 9.00 oere hinne, yn de fytstunnel ûnder de provinsjale dyk N383. De frou wie op de fyts en waard yn de tunnel opwachte troch in jonge op in scooter of bromfyts.
© Google Street View
It slagge de frou om te flechtsjen, mar sy moast wol har fyts efterlitte yn de tunnel. De plysje is op syk nei minsken dy't der wat fan soen hawwe. De frou hat nei it foarfal noch kontakt hân mei in bestjoerder fan in blauwe auto op de Franskeleane. Ek mei dizze man komt de plysje graach yn kontakt.