Justysje easket jier sel tsjin man (35) foar seksueel misbrûk

Justysje hat in selstraf easke fan ien jier, en in healjier ûnder betingst, tsjin in man út Boalsert, dy't fertocht wurdt fan seksueel misbrûk.
Justysje © Shutterstock.com
De man (35) soe twa minderjierrige famkes misbrûkt hawwe: de dochter fan syn eks-partner en in nichtsje. Dy wiene doe acht en tsien jier âld. Hy ûntkent it misbrûk, mar hat wol tajûn dat er berneporno download hie.