Nij 'brûsplak' op De Jouwer wurdt nijbou of komt by sporthal De Stuit

Wurdt der in nagelnij 'brûsplak' op De Jouwer boud of komt it by sporthal De Stuit yn? Op in digitale gearkomste binne tongersdeitejûn ferskate plannen presintearre. Tsientallen kulturele en maatskiplike ferieningen hawwe al in skoft driuwend ferlet fan in plak foar harren aktiviteiten. It earste plan is nijbou oan de Sinnebuorren yn it sintrum. In oare opsje is nijbou by Swimfun. It tredde senario is dat kulturele en maatskiplike ferieningen by sporthal De Stuit ynkomme.
© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Opsjes: by sporthal De Stuit of Swimfun

Der binne fjouwer mooglikheden by sporthal De Stuit. Mear as de helte fan de sporthal bestiet út de turnhal. De rest fan de romte soe brûkt wurde kinne foar it nije brûsplak, dat is de earste opsje. Der wurdt ek oppenearre om de turnhal binnen de sporthal in oar plak te jaan, sa't de romte foar it brûsplak mear ien gehiel wurde kin.
It tredde plan is om de turnhal te ferhúzjen nei in nij te bouwen turnhal by Swimfun. Wat ek noch kin is it slopen fan sporthal De Stuit en hjir in nagelnij gebou del te setten foar alle funksjes.

Syktocht

In spesjale projektgroep is al in skoft dwaande om yn gearwurking mei ferieningen in konkreet plan te meitsjen foar in brûsplak, dêr't romte wêze moat foar alle ferieningen. Begjin 2020 is der in draachflakûndersyk dien mei de fraach wat ferieningen nedich hawwe. Hjir is ûnder oaren út kaam dat der yn totaal sa'n 1.650 kante meter nedich is om alle organisaasjes in plak te jaan: fan de toaniel- en muzykferieningen oant kofjedrinkklups of de bridgeklup.
"Wy sykje in plak dêr't minsken inoar treffe kinne en harren hobby útoefenje kinne, in plak dêr't de mienskip field wurdt, dat is der no net", sa seit Tjitske Stegenga fan de projektgroep.
Tjitske Stegenga, wurkgroep Brûsplak De Jouwer
Sporthal De Stuit op De Jouwer © Omrop Fryslân, Sian Wierda

't Haske en Evenemintehal ôffallen

Advysburo Lindhorst hat holpen by it hiele proses. It begûn mei 28 besteande gebouwen en 4 plakken foar nijbou. Op basis fan bepaalde kritearia is der in list mei foarkarren makke. "Er is gekeken of er voldoende beschikbaarheid is, naar de ligging, duurzaamheid en eigendomssituatie", fertelt Jeroen van Veen fan Lindhorst. Plakken as sealesintrum 't Haske en de Evenemintehal oan de Vegelinswei binne ôffallen, om't sy gjin optimale yndieling hawwe en der sitte hege kosten oan de ynvestearringen en eksploitaasje.
It is de bedoeling dat organisaasjes foar 30 jannewaris harren foarkar útsprekke. Op tongersdei 18 febrewaris wurdt in foarkarsfariant bekend makke dêr't de gemeenteried fan De Fryske Marren har earne yn de maitiid oer útsprekke sil.
Jeroen van Veen, advysburo Lindhorst
Nij brûsplak De Jouwer wurdt nijbou of komt yn sporthal