'Dichter des Vaderlands' Tsead Bruinja jout it stokje oer

Foar Tsead Bruinja sit it derop: syn titel as Dichter des Vaderlands jout er jûn oer oan Lieke Marsman, dy't de kommende twa jier de titel drage mei. Tsead Bruinja wie de earste Fries dy't de titel droech. Hy hat ek in tal Fryske gedichten skreaun as Dichter des Vaderlands.
© Omrop Fryslân
Sûnt 2000 is der yn Nederlân in Dichter des Vaderlands. De funksje giet eins werom nei de Romeinske tiid. Doe wiene der hofdichters. Yn Grut-Brittannië waard dy tradysje trochset troch kening Karel I, dy't yn 1616 de titel poet laureate takende oan Ben Jonson. Yn Nederlân wie Gerrit Komrij de earste. Hy makke syn termyn net ôf en waard opfolge troch Simon Vinkenoog as ynterim Dichter des Vaderlands. Nei Vinkenoog folgen Driek van Wissen, Ramsey Nasr, Anne Vegter en Esther Naomi Perquin. Sy waard yn 2019 opfolge troch Tsead Bruinja. In Dichter des Vaderlands makket gedichten by nasjonale barrens en is in ambassadeur fan de poëzy.

Tsead Bruinja

De 46-jierrige Bruinja is berne yn Rinsumageast. Tsjinwurdich wennet er ôfwikseljend yn Amsterdam en Nijmegen. Hy publisearret yn it Frysk en yn it Nederlânsk en fynt dat net mear as gewoan. "It binne de twa talen dêr't ik yn libje, dus ik skriuw ek yn dy talen".
As Dichter des Vaderlands hat er benammen Nederlânsktalige gedichten skreaun, mar der siet ek wolris in Frysk gedicht tusken. De funksje hat him wol wat opsmiten: "Ik haw in soad kilometers makke, want ik haw in soad skreaun. En dat soarget fansels foar in bepaalde ûntwikkeling fan mysels as dichter". It brocht him ek op plakken en by gelegenheden dêr't er oars net komme soe. "Bygelyks by it foarlêzen fan de nammen fan de minsken dy't yn Westerbork omkommen binne. Dat hie ik oars nea betocht, om dêrby te wêzen en der dan in gedicht oer te meitsjen".
It lêste gedicht dat Bruinja publisearre yn syn funksje as Dichter des Vaderlands gie oer de fal fan it kabinet, in wike lyn. De titel is: Fiets 'm d'r in, Mark.
Tsead Bruinja
Fiets 'm d'r in Mark
iedere kikker moet zijn vijver kennen zeggen ze in bulgarije
ik dacht dat het betekende dat je op de hoogte moet zijn
van wat er in die vijver leeft maar wie daar zijn eigen vijver
kent als kikker kent zijn plaats is de werkelijke betekenis

het is de hoogste tijd voor mij deze vijver op te geven
wat niet erg is ik ben wit ik heb werk aan fraude
signalering voorzieningen bewaar ik geen enkele herinnering
ik kom niet voor op afgewerkte lijstjes geen schandaaltje
kleeft aan mij behalve xxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxx
xxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxx
xxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxx
xxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxxx (weggelakt)
het is een vrij land bovendien net wat vrijer voor mij
en de directeur van de belastingdienst
dan voor fatima tarik of genelva

een trap na wil ik je niet geven mark een aai over de bol
ook niet ondanks dat je het goed met mij voorhad
en overuren maakte op je overuren
(als ik volledig ben geïnformeerd)

met je verder en samen aan de slag vind ik wat overdreven
of we knutselen van de zomer een zijspan aan je koga
en melden ons aan bij dat spelprogramma

geheel onbezoldigd

zo waarlijk helpe mij god almachtig
ook die van fatima tarik en genelva