Schulting wol allinne goud op EK, Knegt en De Laat geane foar de prizen

Suzanne Schulting giet foar de titel, Sjinkie Knegt hopet ek mei te striden om it heechste plak en Itzhak de Laat wol graach op it poadium einigje. De Fryske shorttrackers binne ambisjeus foar it Europeesk kampioenskip, dat freed úteinset yn it Poalske Gdansk. Rianne de Vries is de fjirde Fries dy't meidocht oan it EK; se mei allinne de relay ride en net it yndividuele toernoai.
Schulting, Knegt en De Laat oer it EK
By de froulju binne alle eagen, sa as gewoanwei, rjochte op Schulting. Se wûn de Europeeske titel de ôfrûne twa jier en boppedat ûntbrekt de nûmer twa fan ferline jier, Arianna Fontana, om't se har rjochtet op it WK yn maart.

Schulting wol winne

"Ik ga voor goud en het zou mooi zijn als dat met dezelfde overmacht kan als vorig jaar", seit Schulting út Gdansk wei. Se sjocht, neist har ploechgenoaten Xandra Velzeboer en Selma Poutsma, ek de Italiaanske Martina Valcepina, de Poalske Natalia Maliszewska en de Russyske Ekaterina Efremenkova en Sofia Prosvirnova as konkurrinten.
De Italiaanske Arianna Fontana, ferline jier noch twadde, ûntbrekt om't se har rjochtsje wol op it wrâldkampioenskip yn maart. De Skotse Elise Christie is der ek net, om't de Britten yn ferbân mei it coronafirus net ôfreizgje wolle nei Poalen.
© Orange Pictures

Programma EK shorttrack

Ferslachjouwer Roelof de Vries docht dit wykein live ferslach fan de finaledagen fan it EK shorttrack. Dat is te hearren yn de radioprogramma's Sneon yn Fryslân en Snein yn Fryslân.
Foar Sjinkie Knegt wie it earst noch mar de fraach oft er ride mocht op dit EK, mar úteinliks krige er goed nijs. En dus hat de Bantegeaster nocht oan it toernoai, hielendal om't it de earste echte ynternasjonale krêftmjitting is.

Knegt: "hiel grut fraachteken"

Kin hy meidwaan om de prizen? "Dat is in hiele muoilike fraach. Foarhinne soe ik altyd ja sizze, mar no is dat in hiel grut fraachteken. As alles slagget sa as ik tink, dan kin ik meidwaan om de prizen."
© Orange Pictures
Sûnt it ôfrûne wykein is de Nederlânske shorttrackploech yn Poalen, mar der op út kin net. "We meie net bûten de hikke fan it hotel komme", fertelt Knegt. Boppedat leit der in grutte laach snie en wie de temperatuer de lêste dagen behoarlik ûnder nul. Gjin waar om der op út te gean. Dochs fermakket Knegt him wol. "Ik bin wol wat dinkjes oan it útfinen."
Sa is er dwaande mei blokken om redens te slypjen. "Dy programmaatsjes moatte je allegear skriuwe, dus dy skriuw ik hjir yn it hotel. As ik aansen thúskom, kin ik it mei in usb-stickje sa yn de masine drukke. Ik ha hjir safolle tiid, ik rin de rigels wol tritich kear nei, dus flaters sille der net ynstean tink ik", laket Knegt.

Itzhak de Laat

Einliks wer talibje nei in grut titeltoernoai. It befalt Itzhak de Laat wol. "Ik vind het zeker fijn dat we weer in een wedstrijdsetting zitten. Een week in een hotel, niets te doen hebben en naar een wedstrijd toeleven. Ik merk dat ik daar fit van word", sa seit de Ljouwerter, dy't tinkt dat er der goed foar stiet.
© Orange Pictures
Foarich jier pakte De Laat sulver op de 1.500 meter en waard er fjirde yn it allroundklassemint. De ambysjes lizze no heger: "Ik hoop medailles te halen dit weekend. Ik ben op alle afstanden goed en dan ben je automatisch gevaarlijk voor het klassement. Mijn doel is om allround op het podium te komen, maar echt Europees kampioen worden is lastig."
Yn de relayploech is De Laat in fêste wearde en mei hy dit wykein dus ride. Dochs liket bûnscoach Jeroen Otter ekspirimentearje te wollen. Om dy reden liet er rûtinier Daan Breeuwsma thús.
Fan De Laat, Knegt, Dylan Hoogerwerf, Jens van 't Wout en Friso Emons sille der fjouwer de relay ride. De Laat ferwachtet ek feroarings: "Ik kan me voorstellen dat we wat met volgordes gaan wisselen." Dochs bliuwt Nederlân ek yn in oare formaasje in titelkandidaat: "Ik denk dat het met Hongarije en Rusland een spannende titelstrijd wordt."