Herkenningsmelody foar KH2018: Seis oere thús

'Seis oere thús' is de titel fan it KH2018-liet dat de herkenningstune en leader wurdt fan Kulturele Haadstêd. It wurdt spile troch it Noord Nederlands Orkest en de komposysje is fan Sytze Pruiksma. Nynke Laverman hat de tekst skreaun en sjongt it liet. It NNO kaam op it idee om in leader, in herkenningsliet foar Kulturele Haadstêd te spyljen. Se hawwe it oanbean oan de organisaasje en dy woe wol in soundtrack hawwe foar KH2018. Der komt in lange en in koarte ferzy en fragminten derfan kinne oeral brûkt wurde.
Ferline en takomst
Seis oere thús giet oer fierder sjen as allinnich nei it ferline fan Fryslân. De titel moat eltsenien wol bekend foar komme. At de klokken seis slaan wie it itenstiid en moasten de minsken oan tafel. Symboalysk roppe de klokken ús no op om in nije tiid yn te gean. Oer de takomst neitinke fan Fryslân en de Friezen is in tema dat ek Kulturele Haadstêd graach útdrage wol.
Foarpriuwke
Finster op Fryslân wie by de opnames fan Seis oere thús troch it NNO. En we mochten ek in foarpriuwke hearre (litte) fan hoe't it klinkt at Nynke har sjongpartij der by komt. Want dêr binne noch gjin definitive opnames fan.
SEIS OERE THÚS
Kom dyn nêst út jonge
It nêst waarm fan ferline
Skuor iepen de gerdinen
Spring derút de dei is nij
Hearst de klokken
De takomst ropt om dy
Mei juster achterop
Hast altyd tsjin ’e wyn yn
Doar dysels opnij te finen
Flean dyn eigen skaad foarby
En fluitsje
Fluitsje dy wer nij
En de klokken se sjonge
Se sjonge foar ús
Seis oere thús
Seis oere thús
En de klokken se sjonge
Allinne foar ús
Flean de wrâld yn myn jonge
Seis oere thús
De fearten fol mei âlde kij
Dy’t oeral wat fan fine
Lit de sinne foar dy skine
Hear de fûgels, do bist frij
Fiel de grûn fiel dy bûn
Foar altyd ferbûn oan dy
En de klokken se sjonge
Se sjonge foar ús
Seis oere thús
Seis oere thús
En de klokken se sjonge
Allinne foar ús
Flean de wrâld yn myn jonge
Fertel my watsto net witst
En ik folgje en ik folgje
Ferjit fan wa’sto der ien bist
Want ik ken dy
Nim my mei yn dyn dreamen
Nei wêrsto noch net bist
Set dyn tosken yn in nije tiid
Set dyn tosken yn in nije tiid
Nynke Laverman