Nijjierskonserten: fan klassyk oant goregrind

Yn Ljouwert binne yn it earste wykein fan 2017 hiel ferskillende nijjierskonserten. Yn Schaaf City Theater is it evenemint Sound of the Sixties mei The Travelin' Band en The Phantoms. De earste spilet covers fan Creedence Clearwater Revival en de twadde docht nûmers fan Cliff Richard & The Shadows. Der is rekkene op sa'n 200 besikers. Der komme mear as 350.
Yn De Kanselarij is in klassyk konsert fan it Wachtkamerorkest. Dit 15-koppich strykorkest ûnder lieding fan dirigint Dirkjan Horringa fiert wurk út fan Bach en Mozart. Ek dêr moatte der ek ekstra stuollen byset wurde. Der is rekken hâlden mei 100 besikers, mar dat wurde der 175.
Júns is der yn Alternative Rockcafé Mukkes in ynternasjonaal begjin fan it jier mei trije goregrind/grindcore bands. Meatknife komt út Emden, Dútslân, Wallifornian Degeneration út Charleroi, België en Brutal Sphincter hat leden út België en Luksemburch. Dit mini-festival is hiel tapaslik The Morgue at Mukkes neamd.
Finster op Fryslân wie by de nijjierskonserten. Yn de fideo is fan elke band/orkest ien nûmer te sjen en te hearren. Foar eltsenien wat, mar net alles foar eltsenien, of dochs wol....
Voor elk wat wils?
In Leeuwarden zijn in het eerste weekend van 2017 heel verschillende nieuwjaarsconcerten. In Schaaf City Theater is het evenement Sound of the Sixties met The Travelin' Band en The Phantoms. De eerste speelt covers van Creedence Clearwater Revival en de tweede doet nummers van Cliff Richard & The Shadows. Er is gerekend op 200 bezoekers. Het worden er meer dan 350.
In De Kanselarij is een klassiek concert van het Wachtkamerorkest. Dit 15-koppig strijkorkest onder leiding van dirigent Dirkjan Horringa voert werk uit van Bach en Mozart. Ook hier moeten er stoelen worden bijgezet. Er is rekening gehouden met 100 bezoekers, maar dat worden er 175.
's Avonds is er in Alternative Rockcafé Mukkes een internationaal begin van het jaar met drie goregrind/grindcore bands. Meatknife komt uit Emden, Duitsland, Wallifornian Degeneration uit Charleroi, België en Brutal Sphincter heeft leden uit België en Luxemburg. Dit mini-festival wordt heel toepasselijk The Morgue at Mukkes genoemd.
Finster op Fryslân was bij de nieuwjaarsconcerten. In de video is van elke band/orkest één nummer te zien en te horen. Voor elk wat wils, maar niet alles voor een ieder even leuk, of toch.....