Mei skjirre en tondeuze - Wat in soad nije kappers yn Ljouwert!

De kapsalons rize yn de binnenstêd fan Ljouwert as poddestuollen út de grûn. Komt der in burd- en hierkultuer op gong yn de Fryske haadstêd? En wa binne al dy nije kappers? Fan coiffure oant barber & lounge en fan knipperette oant kapperskafé. It tal kapperssaken naam de lêste fiif jier mei sawat in tredde ta. Der sitte no 36 kapsalons yn it sintrum.
‘Dat is jammer genoeg in lijn met de trend’, fynt Harrie Jager fan de Algemene Nederlandse Kappers Organisatie ANKO. Hy fynt it te folle. ‘Eigenlijk zouden 4 salons genoeg zijn voor het betreffende postcodegebied, want 1,25 per 1000 inwoners is ideaal. Maar vooral in stedelijke gebieden zijn het er vaak veel meer.’
It binne foar it grutste part ienmanssaakjes. In soad wurknimmers fan besteande kapsalons begjinne foar harsels. De ANKO makket him soargen om dizze trend, want se sjogge ûnearlike konkurrinsje tanimmen. ‘Sommige salons investeren niet om aan alle regels te voldoen en kunnen daardoor goedkopere tarieven hanteren’, seit Jager. ‘Voor een knipbeurt is 25 euro een hele normale prijs.’
Neist de groei fan wurknimmers dy’t sels in kapsalon starte, komme der mear allochtoane kappers, want de allochtoane befolking nimt ta. Minsken mei oare hierstruktueren moatte oars fersoarge of knipt wurde. ‘Rishi Hairstyling noemt zichzelf bijvoorbeeld ‘black hair kapper’ en richt zich op een ander haartype.’ Sa stiet yn it trendûndersyk fan de bransjferiening.
Blowdry-bar en bakfytskapper
It tal kapperssaken is lanlik de lêste fiif jier mei mear as 25 persint omheech gien. Der binne no mear as 25.000. Fryslân hat der sa’n 1000 en Ljouwert 116. Yn dat grut ferskaat moatte se elk opfalle mei in unike formule of konsept. Dochs ferlieze besteande kappers klanten. Oan nije, goedkeape konkurrinten, mar ek oan thúskappers en kappers oan hûs. Want de blowdry-bar is djoerder as de bakfietskapper.
De ANKO is yn aksje om de groei fan it tal thússalons te stoppen, want der ûntstean problemen. Sa kinne de mbo kappersopliedings hieltyd minder staazjeplakken fine. Dy binne der faak net by ienmansbedriuwkes of de te goedkeape kapper. Gemeentlik belied is te ferskillend foar in algemiene oanpak. De ANKO is dêroer yn petear mei de minister en guon gemeentes. De gemeente Ljouwert lit it de kappers sels regelje. Der is gjin spesjaal belied foar.
Mear kapsalons soarget wol foar minder leechstân yn de binnenstêd. Fan al it nij yn te rjochtsjen winkelgebiet yn Nederlân bestiet de helte út kapperssaken. Sa is it plan. Dy ha dan net allinnich hierfersoarging, mar ek oare kommersjele aktiviteiten derby, lykas hoareka. Yn Ljouwert rint in eksperimint, wêrby’t kappers ek wyn skinke meie om de omset te ferheegjen. Dat is noch oant april takom jier. Ek al hat de rjochter in soartgelikense proef yn Nieuwegein fan it simmer noch ferbean.
Skjirre en tondeuze
Nei fiif kapsalon-iepenings yn de binnenstêd allinnich al yn it ôfrûne jier, binne der no knipsalons, barbiers, twa Afroshops, twa lounges, in stedskapper, in hierstudio en Eddy’s Knip-cel. Se ha der iten by, in massaazje of se bepamperje en bepoeierje al dy nije, trendy burddragers. Mei skjirre en tondeuze feroverje se de herten, beurzen en hollen fan de Ljouwerters.
Boarnen: CBS, Anko, allesoverkappers.nl, KvK, Trendonderzoek 2015, Q&A Research&Consultancy