Fytspaad by De Lende del wurdt opknapt, wurk begjint dizze wike

It fytspaad njonken De Lende wurdt fan dizze wike ôf opknapt, foar oardel miljoen euro. It giet om it stik tusken de Domeinenweg by Wolvegea en de Kontermansbrêge by Aldeholtpea.
Sa leit it fytspaad der no by © Geert Lantinga
Der komt in breder betonpaad: fan 1,20 meter nei 2 meter. Fierders wurde op trije plakken âlde bochten fan De Lende opnij útgroeven en komme der kano- en fiskfoarsjenningen. Yn de tuskentiid is it paad ticht foar fytsers. It wurk moat foar de hjerst klear wêze.
It opknappen fan it fytspaad wie al lange tiid in winsk fan de gemeente Weststellingwerf.
Ferslachjouwer Johanna Brinkman praat mei wethâlder Roelof Theun Hoen
Wethâlder Hoen fertelt oer de plannen foar it gebiet