Liveblog | 19 jannewaris 2021

Coronanijs 19 jannewaris: Gjin yntocht Sint Piter | Metalfestival Dokkum stiet faai

Yn dit liveblog lêst it lêste nijs oer it coronafirus.
Bywurke: 20 jannewaris 2021, 06:06
tiisdei 19 jannewaris 2021
22:03

Ein fan dit liveblog

Hjirmei komme we oan de ein fan dit liveblog fan tiisdei 19 jannewaris. We sette noch ien kear it belangryske nijs op in rychje.
Moarn is der wer in nij liveblog, mei it lêste coronanijs út Fryslân. Dan ha we ek rom omtinken foar de parsekonferinsje, dêr't it kabinet nei alle gedachten strangere maatregels yn bekend meitsje sil. Der wurdt praat oer in jûnsklok, mar ek oer it oantal besikers dat minsken thús ûntfange meie. Dat soene der aanst gjin twa mear wêze, mar ien. It oantal minsken dat by in útfeart wêze meie soe, soe omleech gean. En der wurdt praat oer in fleanferbod.
21:46

Minister: "Jûnsklok giet fier"; boargemasters ha "behoarlik wat fragen"

Der binne noch "behoorlijk wat vragen" oer "de uitvoerbaarheid van een mogelijke avondklok". Dat seit boargemaster Hubert Bruls, de foarsitter fan it feilichheidsberied, nei ôfrin fan de gearkomste.
Bruls erkende dat der in 'foarstel' foar in jûnsklok op tafel leit, mar woe dêrgjin details oer jaan. "Als het een besluit wordt, moet het duidelijk en uitvoerbaar zijn." Bruls wiist der op dat in jûnsklok "niet te veel uitzonderingen" hawwe moat, en dat de maatregel dúdlik wêze moat. "Het moet zo helder mogelijk uitgelegd kunnen worden."
De boargemasters dy't mei mekoar it feilichheidsberied foarmke, binne it net allegearre mei mekoar iens, seit Bruls. "Er zijn er nog steeds die het een zware maatregel vinden, ik vind het zelf ook een hele heftige maatregel."
Minister Grapperhaus erkent ek dat it om in "vergaande maatregel" giet. Hy woe ek net yn details trede. "Morgenochtend om negen uur bespreken we het in het kabinet."
20:32

Oankomst Sint Piter yn Grou ûnwis: tradysjonele yntocht komt der net

In tradysjonele yntocht fan Sint Piter sit der net yn dit jier, yn Grou. Normaalwei is dy op de sneon foar 21 febrewaris, mar de coronamaatregels meitsje in yntocht ûnmooglik. Dat seit de organisaasje. Trochdat de maatregels hieltyd feroarje, is it dreech om in alternatyf te finen, seit foarsitter Peter van den Broek fan it komitee dat de yntocht organisearret.
Harkje nei de útlis fan Peter van den Broek
20:06

Oprop: Tink om mantelsoargers as der in jûnsklok komt

As der in jûnsklok komt, moat der ek tocht wurde oan mantelsoargers dy't bûten wurktiid senioaren stypje en fersoargje. Dat seit senioare-organisaasje KBO-PCOB.
Mei in wurkjouwersferklearring soene minsken jûns wol oer strjitte meie, mar neffens direkteur Marcel Sturkenboom fan KBO-PCOB is dat net genôch. "Mantelzorger ben je altijd! Dus als er een avondklok komt, laat die dan op zijn minst vanaf negen uur 's avonds ingaan. Vaak is dat het laatste contactmoment voor de nacht, die al zo eenzaam kan zijn."
"Bovendien, mantelzorg geven betekent meestal extra druk. Veel mensen doen dit na hun werk en een latere avondklok geeft hen net iets meer flexibiliteit om de juiste mantelzorg te verlenen en geeft ademruimte om nog op tijd thuis te komen."
Minsken moatte net ophâlde nei mekoar om te sjen, seit Sturkenboom: "Ik blijf het zeggen: Stuur dat kaartje, doe dat belletje, laat weten dat je aan degene denkt die het in deze tijd hard kan gebruiken."
20:00

NOC*NSF: We sporte minder yn de twadde lockdown

Hast de helte fan de Nederlanners sport minder yn de twadde lockdown, dy't noch oant minimaal 9 febrewaris duorret. Dat blykt út ûndersyk yn opdracht fan NOC*NSF. Dy organisaasje ferwachtet dat in betide jûnsklok derfoar soargje sil dat minsken noch minder sporte sille.
Sûnt desimber binne benammen bern en 65-plussers opholden te sporten.
19:53

Boargemasters yn prinsipe net tsjin jûnsklok, Buma wol neat sizze

De foarsitters fan de veilichheidsregio's binne yn prinsipe net tsjin in jûnsklok, mar se wolle earst hearre wat de spesjalisten fan it OMT dêroer sizze. "Als het kabinet laat zien dat de avondklok ons kan helpen sneller door dit proces heen te komen, dan ben ik voor", seit boargemaster Ahmed Aboutaleb fan Rotterdam foarôfgeand oan de gearkomste fan it berie.
De Ljouwerter boargemaster Sybrand Buma wol neat sizze oant de parsekonferinsje fan it kabinet. Dy wurdt moarntemiddei om ien oere ferwachte. As de ministerried útrint, soe it letter wurde kinne.
Neffens it ANP is allinne boargemaster Pieter Broertjes fan Hilversum by foarbaat tsjin in jûnsklok. Hy fynt de maatregel net proporsjoneel. "Een avondklok is niet goed voor het draagvlak. Het is ook niet nodig. De gereedschapskist is nog niet leeg." Hanthavening is ek in probleem, seit Broertjes.
19:46

Metalfestival Dokk'em Open Air wurdt "in dreech ferhaal"

It Dokkumer metalfestival Dokk'em Open Air wurdt dit jier in dreech ferhaal. Dat seit de organisaasje. Dy sit behoarlik yn de nederklits troch de coronapandemy.
De tariedingstiid wurdt hieltyd koarter, wylst der meikoarten in beslút naam wurde moat. "It wurdt 'm net tink ik net", seit programmeur Jort Visser.
18:01

Psycholooch warskôget foar gefolgen jûnsklok: "Iensumheid nimt ta"

As de jûnsklok der komt, rekket dat ús allegearre. Dat seit psycholooch Anneke Hol fan GGZ. "De kâns is dan noch lytser om oaren tsjin te kommen en in soad minsken sjogge al sa'n bytsje minsken."
"Iensumens is in wichtich gefolch fan in eventuele jûnsklok", seit Hol. De jûnsklok komt boppe-op de besteande coronamaatregels dy't derfoar soargje minsken al lange tijd de doar net mear út komme.
17:25

Kâns op jûnsklok yn Nederlân "zeer groot"

De kâns is grut dat yn Nederlân sa rap mooglik in jûnsklok ynfierd wurd, tusken 20.00 oere jûns en 04.00 oere moarns. Dat is yn elts gefal de ynset fan it kabinet, sa melde boarnen oan it ANP. It kabinet sil dêr woansdei in beslút oer nimme.
Koälysjepartijen D66 en ChristenUnie soene weromhâldend weze, en earst witte wolle wat de effekten fan in jûnsklok binne op it omleechbringen fan it tal coronabesmettingen. Yn it kabinet soe dêr noch diskusje oer wêze. Ministers soene perspektyf op fersoepelingen sjen wolle, bygelyks by bepaalde besmettingssifers.
In jûnsklok kin tongersdei of freed al ynfierd wurde, mar boarnen witte dat net seker. De tariedingen binne al ienige tiid yn folle gong, ûnder mear by de plysje.
17:10

Corona-útbraak by sikehûswasker Rentex yn Boalsert

By it waskbedriuw Rentex yn Boalsert binne sa'n tweintich minsken besmet mei it coronafirus. Dat meldt de direkteur fan it bedriuw. Rentex is spesjalisearre yn it ferwurkjen fan tekstyl út de sûnenssoach. It bedriuw ferwurket ek tekstyl fan sikehûzen dêr't it coronafirus fêststeld is.
Neffens direkteur Titus Mulder komt it net troch it waskjen fan de klean, dat de meiwurkers besmet rekke binne. Hy tinkt dat de meiwurkers it firus tusken krysttiid en âld-en-nij oprûn ha. It giet om minsken dy't op ferskillende ôfdielingen wurkje.
16:20

Tydlik fergees ôffal ynleverje by miljeustrjitte Tytsjerksteradiel

Ynwenners fan Tytsjerksteradiel kinne it ôffal dat net mear yn de kontener past, ynleverje by de miljeustrjitte yn Burgum. De gemeente meldt dat minsken faaks mear ôffal hawwe om't se troch de coronamaatregels mear tiid thús trochbringe. "Daarom kun je nu tijdelijk tot 1 juli 2021 jouw extra zakken huishoudelijk afval gratis inleveren bij de milieustraat." Nei 1 july jildt hjir in fêst taryf foar.
De ôffalkonteners yn Tytsjerksteradiel wurde sûnt dit jier ien kear yn de trije wiken lege, wylst dat earder ien kear yn de twa wiken wie.
16:05

RIVM sjocht positiver byld besmettingen, mar warskôget foar Britske fariant

Foar de fierde wike op rige is it tal coronagefallen omleechgien. De ôfrûne sân dagen krige it RIVM 38.776 meldingen fan positive tests, dat is sa'n 21 prosint minder as de wike dêrfoar.
It RIVM seit lykwols dat dit "gematigd positieve beeld" oerskade wurdt troch "de opmars" fan de Britske fariant. Nei alle gedachten hat tsien prosint fan de minsken mei it coronafirus no de Britske fariant. Mids febrewaris sil dat al de helte wêze. Dat liedt dan ta mear sikehûsopnames, mear stjergefallen en dus mear druk op de soarch, ferwachtet it RIVM.
15:45

Studintefakbûn is tsjin de jûnsklok

De jûnsklok soe studinten it lêste bytsje frijheid dat se noch hawwe ôfnimme. Dat seit de Landelijke Studentenvakbond (LSVb), dy't tsjin de ynfiering fan in jûnsklok is. Se hawwe grutte noed oer it wolwêzen fan jongerein yn Nederlân en neame de ynfiering fan in jûnsklok 'bûten proporsje' en 'lestich te hanthavenjen'.
It bûn wiist derop dat de studinten oerdeis faak wurkje of online les hawwe. Nei de lesoeren in blokje om kinne of by in freon op besite gean neamt de LSVb 'needsaaklike azemromte' dy't de jongerein nedich hat yn dizze tiden. Foarsitter fan it bûn Lyle Muns: "Vrijwel het hele sociale leven van jongeren ligt al stil en dat in zo'n belangrijke fase van hun leven, hetgeen allerlei gevolgen heeft voor het jongerenwelzijn. Als we deze beperking ook doorvoeren wordt het alleen maar erger."
Ekstra maatregels om de fersprieding fan de Britske fariant fan it coronafirus tsjin te gean sjocht it LSVb wol sitten. Muns: "Maatregelen zoals het inperken van het vliegverkeer is daarbij een veel logischere toevlucht dan een keiharde avondklok."
15:30

202 nije coronabesmettingen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 202 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. Dat binne 62 minder as moandei, doe't 261 gefallen meld waarden. It deistige trochsneed fan de ôfrûne wike is 224. De measte nije besmettingen binne fêststeld yn de gemeente Súdwest-Fryslân, mei 31. Dêrnei komme Smellingerlân mei 27 en Achtkarspelen mei 26.
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren fiif nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus, dat giet om ynwenners fan de gemeenten Achtkarspelen, Dantumadiel, Eaststellingwerf, Súdwest-Fryslân en Waadhoeke.
Der binne twa Friezen it sikehûs yn rekke mei it coronafirus, dat giet om ynwenners fan Noardeast-Fryslân.

Lanlik

Lanlik binne de ôfrûne 24 oeren 4.335 besmettingen fêststeld. Dat minder as it trochsneed fan de ôfrûne sân dagen, dat leit op 5.539.
14:05

Woansdei parsekonferinsje oer ekstra maatregels

It kabinet komt dizze wike noch mei ekstra maatregels om de coronakrisis te bestriden. Woansdei oan it begjin fan de middei wurdt in parsekonferinsje holden, lit coronaminister Hugo de Jonge witte. Woansdeitemoarn is earst noch in krisisberied fan it kabinet pland.
"Het OMT heeft in haar 96e advies aangegeven dat het landelijke beeld van de besmettingscijfers in algemene zin zeer zorgelijk blijft", skriuwt De Jonge. "De nieuwe virusvarianten kunnen hier in de komende weken in sterkere mate aan gaan bijdragen. Het kabinet acht het daarom noodzakelijk op de kortst mogelijke termijn extra maatregelen te treffen."
© ANP
Der is noch ûndúdlikens oer oft it om de kontroversjele jûnsklok giet. Ek oare maatregels lizze neffens insiders op tafel, sa as in beheining fan it fleanferkear tusken it Feriene Keninkryk en Nederlân, of it fierder beheinen fan thúsbesite. Boarnen sizze dat dizze maatregels dizze wike al yngean kinne, as kabinet en parlemint it iens wurde.
13:00

Gaslucht by GGD testlokaasje op It Hearrenfean

De brânwacht is tiisdeitemiddei alarmearre foar in gaslek op de Jousterweg op It Hearrenfean. Meiwurkers fan de GGD-testlokaasje rûkten krekt foar it begjin fan it skoft in sterke gaslucht. Dêrop hawwe sy besletten it pân te ferlitten en de brânwacht te beljen. Dy konstatearre dat de gaslucht net út it pân kaam, mar fan bûten.
Nei in koarte syktocht op it bedriuweterrein waard in opslach foar gasflessen fûn. It liket derop dat ien fan dizze flessen net goed ôfsletten wie en foar de gaslucht soarge. Dit wie fluch ferholpen wêrtroch't de brânwacht werom nei de kazerne koe en de testlokaasje wer trochdraaie koe.
11:45

NOC*NSF makket him soargen om rekreaasjesporter by jûnsklok

Sportkoepel NOC*NSF hat noed oer dat de ynfoering fan in betide jûnsklok benammen foar rekreaasjesporters ferfelende gefolgen hawwe kin. "We moeten afwachten wat de maatregel precies inhoudt maar een verdere inperking van de sportmogelijkheden zou niet goed zijn, met name voor recreanten die overdag druk zijn en 's avonds buiten aan hun conditie willen werken", seit in wurdfierder.
Oft de fiiftûzen topsporters ek in útsûnderingsposysje krije foar sporte yn de jûn is net dúdlik. "Als je je beroep ook 's avonds mag uitoefenen, geldt dat ook voor die topsporters, denken we. Maar het is moeilijk om te duiden welke kant het nu op gaat", sa seit de wurdfierder.
"Mensen werken overdag, dragen zorg voor kinderen of volgen onderwijs, dus kunnen overdag niet zelf sporten of dat als vrijwilliger voor anderen organiseren. Vaak wordt dit doordeweeks in de avonduren gedaan; zowel in de buurt als bij de vereniging. Bij de invoering van een avondklok zal het sportaanbod in Nederland bijna volledig stilvallen, voor alle doelgroepen in de samenleving."
11:30

Giropraktoaren wolle wer oan it wurk

De beropsferiening fan giropraktoaren yn Nederlân docht in driuwend berop op ministers De Jonge en Van Ark om pasjinten mei slimme pineklachten wer rap behannelje te litten. De urginsje is heech, stelt de beropsgroep, om't in protte minsken troch pineklachten net mear wurkje of funksjonearje kinne. De giropraktoaren fine it medysk en etysk ûnferantwurde om behanneling fan dizze minsken noch langer út te stellen. Boppedat sizze se dat se in soarchfunkje hawwe en net yn de kategory "nagelstylistes en kappers" falle.
11:25

Underwiisbûnen wolle mear ynformaasje oer corona by ûnderwiismeiwurkers

Meardere ûnderwiisbûnen dogge in driuwende oprop oan it RIVM om by te hâlden hoefolle ûnderwiismeiwurkers mei corona yn it sikehûs bedarje. Dat litte de bûnen witte oan RTL Nieuws. Neffens harren binne de sifers krúsjaal om ûnder oare te bepalen oft skoallen wer iepen kinne.
No publisearret it RIVM eltse wike sifers oer hoefolle meiwurkers yn it ûnderwiis besmet rekke binne mei corona. Hjirby wurdt lykwols net neamd hoefolle meiwurkers yn it sikehûs bedarje en hoefolle meiwurkers oan it firus ferstjerre.
11:05

Fertraging leveringen Pfizer-faksins falt ta

It liket ta te fallen mei de fertrage leveringen fan BioNTech/Pfizer-faksins oan Nederlân, sa meldt de NOS. Dy skriuwt dat de farmaseut allinnich dizze wike minder faksins leveret.
It giet dizze wike om sa'n 92.000 doses yn stee fan 150 oant 200.000 doses. Freed melde Pfizer noch dat it bedriuw trije of fjouwer wiken minder faksins leverje soe oan Europeeske lannen, wêrûnder Nederlân. De fertraging hat te krijen mei in útwreiding fan in fabryk yn België.
08:10

Húsdokters dochs dizze wiken faksinearre

Dizze wike en takom wike wurde húsdokters faksinearre mei it Moderna-faksin. Dat melde de Landelijke Huisartsen Vereniging en it ministearje fan folkssûnens. It is rapper as ferwachte en it komt troch de opkomst fan de Britske fariant fan it coronafirus.
Der wie ôfrûne wiken in soad diskusje oer wannear't húsdokters in prik krije soenen. In soad fan harrens oene pas yn febrewaris faksinearre wurde, mar dêr wie krityk op omdat se faak kontakt ha mei coronapasjinten en dêrom mear risiko rinne. Minister De Jonge woe net faksins beskikber meitsje foar húsdokters, mar is no dochs om, fanwege de Britske fariant.
Oare meiwurkers yn de húsdoktersoarch wurde nei alle gedachten yn de twadde wike fan febrewaris faksinearre mei it AstraZeneca-faksin.
07:45

Mear e-books útliend

© ANP
Nederlanners lêze faker digitale biblioteekboeken. It tal digitale boeken, of e-books, dat útliend is troch de onlinebiblioteek is ferline jier bot groeid. Neffens de Koninklijke Bibliotheek (KB), de nasjonale biblioteek fan Nederlân, komt dat troch de coronakrisis.
De onlinebiblioteek is ûnderdiel fan de KB. Op dy webside steane sa'n 33.000 e-books en 4.400 harkboeken. Yn 2020 waarden sa'n 5,6 miljoen e-books útliend, it jier dêrfoar wienen dat noch 3,9 miljoen. "Toen tijdens de eerste lockdown de lokale bibliotheken helaas geruime tijd moesten sluiten, hebben de bibliotheken de mogelijkheid van digitale uitleningen actief onder de aandacht gebracht", seit Eric Daamen fan de KB.
07:15

1 op 3 studinten jout libben swiere ûnfoldwaande

Ien op de trije studinten beoardielet syn libben mei in swiere ûnfoldwaande, blykt út ûndersyk fan Thuis Besmet yn gearwurking mei it Interstedelijk Studentenoverleg ûnder 7500 studinten. Benammen allinnichwenjende studinten wurde hurd rekke. Se sjogge gjin freonen en it ûnderwiis is beheind.
Studinten wolle meihelpe mei de problemen dy't ûntsteane troch de coronakrisis, mar se kinne de ideeën en enerzjy net kwyt. "Bijbaantjes, sport en sociale activiteiten vallen weg en onze handen jeuken om een positieve bijdrage te kunnen leveren in deze coronacrisis", seit inisjatyfnimmer Martijn Janse fan it ûndersyk. "We zien dat er bij studenten grote problemen ontstaan en willen graag zelf onderdeel zijn van de oplossing."
Hast alle studinten folgje regels
In soad studinten jouwe oan de coronaregels te folgjen. Fan de studinten yn it ûndersyk jout 99% oan yn karantêne te gean nei in positive testútslach, lanlik leit dat op 72%. It wenjen yn in studintehûs makket de situaasje net makliker. Dy hûzen binne faak sa lyts dat it dreech is om ôfstân te hâlden. En mear as de helte kin thús net goed online ûnderwiis folgje, benammen omdat se gjin rêstige stúdzjeplak ha.
07:00

Soargen by grut part learkrêften basisûnderwiis

© ANP
In grutte mearderheid fan de learkrêften ferwachtet hieltyd grutter wurdende problemen as de basisskoallen langer tichtbliuwe. Dat skriuwt it AD op basis fan ûndersyk fan DUO Onderwijsonderzoek & Advies ûnder mear as tûzen learkrêften yn it basisûnderwiis.
Ien op de trije fernimt no al dat it dreger is om alle learlingen online derby te hâlden. 61% fan de learkrêften makket him soargen oer de gefolgen foar de learlingen as se pas nei de krokusfakânsje wer nei skoalle meie.
Sa'n 77% fan de leararen seit dat it thúsûnderwiis benammen min útpakt foar de swakkere learlingen. Krekt wat mear as de helte tinkt ek dat de sterke learlingen ekstra rekke wurde.
06:20

Tal besmettingen lanlik giet omleech, mar hoe lang?

Lanlik sakket it tal coronagefallen foar de fjirde wike op rige. Yn de ôfrûne wike binne yn hiel Nederlân sa'n 40.000 besmettingen fêststeld, tsjinoer hast 50.000 in wike earder. It RIVM komt hjoed mei it presize wyksifer.
Oft de delgong de kommende wiken trochset, hinget ûnder oare ôf fan de nije en mear besmetlike Britske fariant fan it firus. As dy him fluch ferspriedt, kin it tal positive testen yn de rin fan febrewaris wer groeie, wat wer foar in swierdere belêsting fan de soarch betsjutte soe.
06:10

Boargemasters beprate jûnsklok

De 25 boargemasters dy't foarsitter binne fan in feilichheidsregio bûge har tiisdeitejûn oer de fraach oft Nederlân ek in jûnsklok ha moat. Sybrand Buma is derby as foarsitter fan de Veiligheidsregio Fryslân.
It kabinet wol in jûnsklok ynstelle fan 20.00 oant 04.00 oere, as ekstra maatregel tsjin de fersprieding fan it coronafirus. Boargemasters twivelje oft dat 'effectief en passend' is. Nei alle gedachten komt it Outbreak Management Team hjoed mei in advys oer de jûnsklok.
De 25 boargemasters beprate jûn ek oare maatregels dy't mooglik naam wurde kinne, lykas in besiteferbod en ferplicht thúswurkje.
06:00

Wolkom!

Wolkom yn dit liveblog mei al it nijs oer it coronafirus.