Fjouwer minsken yn Zorgpension Sionsberg besmet mei coronafirus
By soarchynstelling Zorgpension yn Dokkum, fêstige yn sikehûs De Sionsberg, binne alle fjouwer de kliïnten besmet rekke mei it coronafirus. Dat befêstiget de direksje fan it Zorgpension. Der wiene fjouwer minsken opnaam by it Zorgpension. Nei't ien kliïnt posityf test waard, die ôfrûne wykein bliken dat de oare kliïnten ek besmet binne.

It personiel fan Zorgpension yn Dokkum wurdt ek test op it coronafirus. It is op dit stuit noch ûnbekend oft der ek personielsleden besmet rekke binne.
Noch mar krekt iepen
De lokaasje fan Zorgpension iepene ein foarich jier de doarren yn sikehûs De Sionsberg yn Dokkum. Zorgpension hat de beskikking oer meardere ELV-keamers, dy't bedoeld binne foar kliïnten dy't mar koarte tiid by de soarchynstelling bliuwe.