Ald-foaroanman VNO-NCW Hans de Boer ferstoarn
Ald-foarsitter Hans de Boer fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW is yn de nacht fan snein op moandei ferstoarn oan de gefolgen fan in harsenblieding. It wie snein De Boer syn 66e jierdei.

Hans de Boer is berne yn Fryslân en hy groeide dêr ek op. Hy begûn yn 2014 as foarsitter fan VNO-NCW en bleau dat twa terminen. Earder wie De Boer ek foarsitter fan MKB Nederlân, de belange-organisaasje fan it midden- en lytsbedriuw. De Boer wie lid fan it CDA.
Yn septimber ferline jier waard er beneamd ta Kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau, om't er him 'bijzonder verdienstelijk' makke hie foar de maatskippij. De beneaming wie by it offisjele ôfskied fan de ûndernimmersorganisaasje VNO-NCW. Hy wie dêr seis jier foarsitter fan hie dêr krekt ôfskied fan naam.
Besjoch hjirûnder in dokumintêre en lês reaksjes: