Man fan It Hearrenfean feroarsake meardere oanridingen troch spûkriden op N31

De spûkrider dy't sneontejûn op de N31 foar meardere oanridingen soarge, is in man fan 48 jier fan It Hearrenfean. Hy wie meinaam nei it plysjeburo, mar mocht jûns let wer nei hûs. Wol moast er syn rydbewiis ynleverje en der wurdt in proses-ferbaal tsjin him opmakke.
© Noordernieuws/De Vries Media
By de oanhâlding troch de plysje hie de man him bot ferset. De wein fan de spûkrider rekke flink skansearre.
De dyk by Nyegea hat in skoft ticht west.