Meardere oanridingen troch spûkrider op N31 by Drachten

In spûkrider hat op de N31 by Drachten meardere oanridingen feroarsake. Dat meldt de plysje. Neffens de earste berjochten soe it om fjouwer auto's gean. Letter melde de plysje dat it om twa auto's giet.
Oanridingen troch spûkrider op N31 by Drachten
Ien frou is lichtferwûne rekke. Se koe nei hûs neidat se neisjoen wie troch minsken fan de ambulânse.
De spûkrider is oanholden. Dêr hat er him flink by ferset. Minsken fan de ambulânse ha him kontrolearre. De plysje meldt dat syn auto behoarlik skansearre is.
Tusken Nyegea en Drachten wie de dyk oan it begjin fan de jûn hielendal ticht, sadat de besjoerders dy't oanriden wiene goed holpen wurde koene, en sadat de plysje goed ûndersyk dwaan koe.
Plysjes ha de spûkrider meinaam nei it plysjeburo.