FIDEO: Mear as 850 kaarten út hiele lân foar 9-jierrige Britt út Molkwar
Der moasten freedtemoarn mar leafst twa postbesoargers oan te pas komme yn Molkwar om de post by de famylje Boersma ôf te leverjen. De 9-jierrige Britt krige mear as 850 kaarten thús fan postboades út hiel Nederlân. Dat wiene der in stik mear as ôfrûne wiken, doe't se ek al sa'n 70 kaarten thús krige nei't se yn desimber in spesjale krystkaart nei 'alle postbodes van Nederland' stjoerd hie.
Britt kreeg bezoek van 2 postbezorgers