Gemeente: Sjitterrein Ketlik wurdt net skjinmakke
De mei kûgels fersmoarge grûn fan it âld sjitterrein yn Ketlik wurdt net skjinmakke. Dat seit wethâlder Jaap van Veen fan de gemeente Hearrenfean.

Trije jier lyn kocht Marko de Vries it it âld sjitterrein fan de plysje. Hy wol dêr sportaktiviteiten organisearje foar bern mei gedrachsproblemen.
Oant no ta is it der noch net fan kaam. De Vries easket dat de gemeente it terrein skjinmakket. De gemeente seit dat sanearring net urgint is. De grûn soe dêr net smoarch genôch foar wêze. Undersikers sizze dat der gjin gefaar is foar de folkssûnens.
'Geen acute saneringplicht'
Dat de kûgels lizzen bliuwe, wie eins al bekend seit Van Veen. "Er is op dit moment geen acute saneringsplicht. Dat is ook gebleken uit het bodemonderzoek." Der is net ien dy't bestriidt dat de kûgels der lizze. "Daar hoeven we niet omheen te draaien", seit Van Veen.
De oksidaasje fan it lead út de kûgels soarget foar fersmoarging. It wurdt allinnich mar mear as it langer lizzen bliuwt, seit Van Veen. Hy seit dat de provinsje bepale moat wannear't de fersmoarge grûn wol skealik is foar de folkssûnens.

Wethâlder Van Veen oer de sitewaasje yn Ketlik
Wethâlder Van Veen seit dat de gemeente besocht hat om de eigener fan it terrein te mjitte te kommen. Sa hat de plysje oanbean de grûn werom te keapjen. Dat oanbod sloech De Vries ôf. Der ha meardere petearen west, tusken De Vries en de gemeente, seit de wethâlder, mar dêr is gjin oplossing út kaam.
"De Vries suggereert dat de gemeente liegt en om de hete brij heen draait, maar we zijn vanaf het begin bezig geweest een oplossing te zoeken. We hebben ook bemiddeld. Ik ben persoonlijk bij hem geweest en ik heb gezegd 'Marko verkoop het alsjeblieft terug aan de politie'. Hij was eigenwijs en zei: 'nee Jaap, ik heb een sterke zaak en ik ga hem winnen'. Ja, dan houdt het voor ons op", seit Van Veen.
De plysje sjocht sûnt ein desimber ôf fan it weromkeapjen, omdat De Vries de saak foar de rjochter bringe wol.