Tal coronapasjinten yn Fryske sikehuzen wer wat omheech

Yn de Fryske sikehuzen lizze no 87 pasjinten mei in coronabesmetting. Dêrfan wurde der 29 behannele op de intensive care. Dat docht bliken út de nijste sifers fan it Acute Zorgnetwerk Noord Nederland. It totaalsifer is krekt wat heger as woansdei, mar omdat it om in momintopname giet, kin dat gau feroarje.
Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Woansdei leine der 85 pasjinten mei it coronafirus yn de Fryske sikehuzen, fan wa 30 op de intensive care. Moandei wiene dy sifers respektyflik 89 en 32. Yn fergeliking mei ferline wike freed is der wol in dúdlike delgong. Doe wiene der 102 pasjinten mei in coronabesmetting opnommen.
Yn de trije noardlike provinsjes lizze op it stuit yn totaal 214 coronapasjinten yn it sikehûs. Woansdei wiene dat der noch 215 en moandei 224. Fryslân is freed mei 87 koprinner, dêrnei komt Grinslân mei 85 en Drinte hat der 42.
De sifers kinne bot wikselje. Se jouwe in byld fan ien momint yn de moarntiid. Middeis kin it it der al wer hiel oars by lizze. De oantallen feroarje somtiden yn ien oere, sa meldt it Acute Zorgnetwerk Noord Nederland.