Faksinaasje soarchpersoniel úteinset yn WTC Expo Ljouwert

De faksinaasje fan Frysk soarchpersoniel is freedtemoarn úteinset yn it WTC Expo yn Ljouwert. De earste prik wie foar de 24-jierrige Bianca Jongsma, ferpleechkundige fan soarchsintrum De Flecke op De Jouwer.
Bianca Jongsma kriget de earste faksinaasje
De beskerming tsjin it coronafirus liket noch wichtiger as earder, no't tongersdei bliken die dat der yn wensoarchsintrum 't Suyderhuys yn Surhústerfean tsientallen bewenners en meiwurkers besmet binne. Fan in part dêrfan is fêststeld, dat sy de Britske fariant hawwe. Dy is noch besmetliker as de fariant dy't we sûnt maart ferline jier al kenne.
Direkteur Margreet de Graaf fan GGD Fryslân is bliid dat de faksinaasjekampanje begûn is. "It fielt as it begjin fan it ein", seit se. Foar de faksinaasje yn it WTC Expo krijt de GGD 325 faksins de dei. "Mar we binne taret op in protte mear", sa seit De Graaf.
Direkteur Margreet de Graaf fan GGD Fryslân