Frustraasje by gemeenten: ynwenners ha neat te sizzen oer gas- en sâltwinning

De frustraasje oer mynbou ûnder de eigen fuotten en dêr gjin inkelde fet op hawwe hat by lokale oerheden en de bewenners yn Noard- en East-Nederlân noch nea sa grut west as no. Al jierren besykje se ynfloed te krijen op gas- en sâltwinning of it yn 'e grûn fuortrinne litten fan mynbou-ôffalwetter, mar dat slagget net. Net oan de foarkant as der plannen binne en ek net oan de achterkant as der skea is. Se meie inkeld mar frijbliuwend advys jaan.
Lokale oerheden frustrearre: Gjin grip op mynbou
En dan is der ek noch de frustraasje oer twa skearegelingen: ien foar it grutte Grinslanner gasfjild en ien foar alle oare mynbou.
Rjochtsûngelykheid, sizze boargemasters. Want yn de Grinslanner regeling moat de Nederlandse Aardolie Maatschappij (NAM) bewize dat de skea troch ierdbevingen net troch harren komt. De oare regeling foar de rest fan it lân hat dy omkearde bewiislêst net.
Gaswinning by Noardwâlde © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Trochdat winning fan lânsbelang is hawwe gemeenten en de ynwenners neat te fertellen oer wat der yn de ûndergrûn dien wurdt. Wethâlder Tiny Bijl fan Steenwijkerland: "Wij hebben wel de lasten en niet de lusten."

Frustraasje

RTV Drenthe en Omrop Fryslân en RTV Oost binne al langer dwaande mei it gaswinningsdossier yn de grinsgebieten fan de trije provinsjes, de lytse gasfjilden en de sâltwinning. Ferslachjouwers Oscar Siep, Hayo Bootsma en Serge Vinkenvleugel sammelen de ôfrûne tiid in soad ferhalen. Wat al dy ferhalen mienskiplik hawwe is: frustraasje.
Ynwenners en gemeenten wolle al jierren mear ynfloed op de beslútfoarming en op de fergunningferliening. Dêrfoar hawwe der tsientallen juridyske prosedueres west, mear as ien kear sels oan de Ried fan Steat ta. Mar gjinien fan dy saken waard wûn.
Gjin inkelde proseduere by de Ried fan Steat (hjir it gebou yn Den Haag) waard wûn © Wikipedia, Creative commons
Hieltyd mear gemeenten lûke harren no werom, om't de prosedueres tefolle jild en tiid kostje en noait wat opsmite. Dat spilet foaral yn de kop fan Oerisel, Fryslân en Drinte.
De gemeenten yn dy regio's wolle no mei-inoar ien fûst meitsje tsjin de plannen. By de gaswinning yn de regio Drachten en by de sâltwinning yn Veendam binne deselde lûden te hearren.

Nei Ried fan Steat hat gjin doel

Neffens wethâlder Klaas Smidt fan Westerveld hat prosedearjen by de Ried fan Steat gjin doel: "De mijnbouwwet is zulk sterk recht dat we elke keer met niks thuiskomen. We hebben wel een adviespositie, maar ze doen alsof ze doof zijn."
Smidt tinkt dat, doe't de mynbouwet yn it ferline makke waard, de mynboubedriuwen ôftwongen hawwe dat se net tefolle tsjinwurking krije soene. Doe net en no net. Mar dat kin Smidt net hurdmeitsje. "Als je als eenvoudige inwoner tegenover zulke grote partijen staat, dan is maar de vraag naar wie de balans doorslaat", follet wethâlder Tiny Bijl fan Steenwijkerland oan.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Jeannet van der Velde fan boargerkomitee GasDrOvF yn 'e gaswingebieten wit wêr't dat oer giet. Al jierren binne se dwaande om in bytsje fet te krijen op de gaswinning yn it 'provinsjale trijelannepunt.'
Dat besykje se by it ministearje fan Ekonomyske Saken en it Staatstoezicht op de Mijnen. Ek binne se dwaande om in foet tusken de doar te krijen by gaswinner Vermilion as serieuze petearpartner. Eigen saakkundigen waarden ynskeakele en se stapten nei de Ried fan Steat.
Oft it allegearre wat opsmiten hat? Vermilion en Ekonomyske Saken kundigen koartlyn oan dat se mei in proseduere úteinsette foar nije winputten en gasfjilden yn it gebiet.
Monique Plantinga fan aksjegroep Tsjingas mei aksjefierders © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Monique Plantinga fan boargergroep Tsjingas yn Nij Beets (gemeente Opsterlân ) is minder pessimistysk: "It is in kwestje fan lange azem, mar net kânsleas om nije gaswinningen foar te kommen. Der is in hiel soad enerzjy by bewenners en gemeenten yn Fryslân om dat foarinoar te krije."
De gaswinning yn Nij Beets en de regio Drachten is te ferlykjen mei dy yn de trijehoeke Fryslân-Drinte-Oerisel. Tsjingas stuitet op deselde problemen as GasDrOvF. Flakby Nij Beets, De Feanhoop en Aldeboarn binne konkrete plannen foar gaswinning. It bedriuw Vermilion is fan doel om tusken de Ripen en it Alddjip gas op te spoaren en te winnen.

Net minder, mar mear gas winne

Plantinga is ien fan de iennigen dy't noch wol hope hat. By hast alle ynterviewden fernimme de ferslachjouwers Siep, Bootsma en Vinkenvleugel, pessimisme. Synisme sels.
Neffens wethâlder Smidt fan Westerveld giet it tempo wêrmei't gas wûn wurdt yn de provinsjetrijehoeke Fryslân-Drinte-Oerisel omheech. "Winningsplannen van tien jaar worden nu in anderhalf jaar uitgevoerd. We moeten temporiseren. Dit gaat te snel." Hy freget him ôf wat de risiko's binne as yn in opfierd tempo protten gas út 'e grûn weihelle wurde.
Wethâlder Hanneke Zonderland fan Weststellingwerf is beret: "It belied is hjir de ôfrûne jierren 180 graden draaid. Fan 'gaswinning moat kinne' nei 'wy wolle der gjin nije gaswinningen mear by hawwe."
Oersjochkaart fan lytse gasfjilden by Surhústerfean © Milieudefensie
Wethâlder Jan ten Kate fan Hardenberg: "Natuurlijk moet de gaskraan in Groningen dicht. Maar dat betekent niet dat hier de kraan verder open moet."

Net it Grinslanner probleem ferpleatse

Wethouder Tiny Bijl fan Steenwijkerland follet oan: "Dat is het verplaatsen van het vraagstuk. Als je kijkt hoe moeizaam (schade afhandelen en sluiten, red.) het in Groningen gaat, dan breng je dat naar meer gebieden. Dus los het op aan de voorkant, niet achteraf. De Rijksoverheid heeft baat bij mijnbouw. Dan moet diezelfde Rijksoverheid er ook voor zorgen dat bewoners van mijnbouwgebieden een goede ingang hebben."
© TNO-AGE
Yntusken bart neffens gemeenten krekt dat wêr't by twa ferskillende skeaprotokollen de eangst foar bestie: fan it kastke nei de muorre of ûngelikensens.
Twa Drintske foarbylden. Boargemaster Marcel Thijssen fan Tynaarlo fertelt dat der yn oktober yn Winde in ierdbeving wie fan 1,8 op de skaal fan Richter. As dy feroarsake is troch de gasopslach yn Langelo, falt er ûnder it Grinslanner skeaprotokol. Dan moat de NAM bewize dat it net sa is.
Mar as de beving troch in lytser gasfjild feroarsake is, is dy omkearde bewiislêst der net. Wêr komt dy ierdbeving fan? Thijssen stjoerde al syn ynwenners mei skea nei it Grinslanner loket. By wize fan sinjaal. Lit se it dêr mar útsykje.
Stil protest tsjin gaswinning yn Ternaard © Omrop Fryslân, René Koster
Noch in foarbyld. Yn Annerveenschekanaal wurdt gas wûn út in lyts fjild. It Grinslanner fjild leit flakby. En dan is der yn it gebiet ek noch sâltwinning fan Nedmag. Der is sprake fan saneamde 'steapele mynbou'.
De gemeente hat net allinnich te krijen mei de gefolgen fan de gaswinning troch de NAM yn de fjilden Annerveen, Eleveld en Vries, de grûn sakket dêr ek troch sâltwinning by Annerveenschekanaal. It sâltwinningsbedriuw yn Veendam wol twa nije cavernes boarje dy't ek foar in part ûnder Annerveenschekanaal lizze. Dêr is de gemeenteried fan Aa en Hunze fûl op tsjin.
Dy wol gjin útwreiding fan de sâltwinning, út eangst foar mear skea yn it gebiet. De bewenners binne dêr ek benaud foar. Neffens Bert Feiken fan Doarpsbelangen Annerveenschekanaal hawwe ûnderwilens al rûchwei njoggentich huzen skea troch de mynbou. Dat is de helte fan it doarp.
skea troch boaiemdelgong © eigen foto
De Drintske deputearre Tjisse Stelpstra hat ek foar de oare provinsjes yn it Ynter Provinsjaal Oerlis (IPO) mynbou yn syn takepakket. "Bij schade kan het niet zo zijn dat inwoners van het kastje naar de muur worden gestuurd."

Rjochtsûngelykheid yn skearegeling

Stelpstra hat der argewaasje fan dat de 'omkearde bewiislêst' dy't wol yn de Grinslanner skearegeling sit, net yn de lanlike regeling telâne kommen is. Hy jout dy skearegeling it foardiel fan de twivel. In kommisje hifket de skeagefallen, mar úteinlik kinne de mynboubedriuwen der ek noch wat fan fine. "Die hebben beloofd daar zeer terughoudend in te zullen zijn en de commissie hun werk te laten doen, maar the proof of the pudding is in the eating." De boargemasters hâlde it op rjochtsûngelykheid.