Frou (87) ferstoarn by ûngelok op oerstekplak yn Wolvegea

By in ferkearsûngelok yn Wolvegea is in frou fan 87 jier âld om it libben kaam. Dat meldt de plysje. De frou wie te foet. Se waard oanriden troch in auto.
© ProNews
It ûngelok wie op it fuotgongersoerstekplak oan de Stienwikerwei yn Wolvegea. It is noch net dúdlik hoe't it ûngelok ûntstien is. De plysje docht dêr ûndersyk nei.