Fryske soarchynstellingen nimme ekstra maatregels: "Ien besite yn de wike is de ûndergrins"

Fryske soarchynstellingen nimme ekstra maatregels om fierdere fersprieding van de besmetlike Britske coronafariant foar te kommen. Se wolle mei mekoar ien belied ôfprate. It tal besikers soe behoarlik omleech moatte, by alle ynstellingen. Saakkundigen fan de GGD advisearje per bewenner maksimaal ien besiker yn de wike.
© ProNews
Earder op de dei waard dúdlik dat de Britske fariant fan it coronafirus fêststeld is yn in soarchsintrum yn Surhústerfean. Yn alle gefallen twa bewenners binne dermei besmet, mar de GGD giet der fanút dat it om tsientallen besmettingen giet. Twa bewenners fan it soarchsintrum binne ferstoarn.
Saakkundigen fan de GGD advisearje maksimaal ien besiker per bewenner yn de wike, of ien fêste besiker per dei. Dat meldt de Fryske GGD. Besikers moatte dan in sjirurgysk mûlkapke ophawwe, en hiel goed hanwaskje.
De Fryske soarchkoepels oerlizze alle dagen mei mekoar oer de aktuele sitewaasje, ûnder lieding fan it Regionaal Orgaan Niet-Acute Zorg (RONAZ). Bert Bokma fan dy organisaasje seit dat dêr ek praat wurdt oer in ûndergrins fan ien besite yn de wike. "Als je kijkt naar het buitenland, moeten we ons voorbereiden op het ergste."

"Enorm ethisch dilemma"

"Het is streng, maar het kan niet anders. Dit zorgt voor een enorm ethisch dilemma", seit Bokma. We willen absoluut niet terug naar de situatie van vorig jaar, toen er helemaal geen bezoekers welkom waren. Als ondergrens zien we één bezoek per bewoner per week."
Formeel moat it beslút noch naam wurde, mar neffens John Van Arnhem fan soarchkoepel Hof en Hiem is it al dúdlik. "Het is een draconische maatregel, maar wij gaan inderdaad terug van twee bezoekers per dag naar één bezoek per week. Mijn gevoel is dat de meeste zorginstellingen in Friesland hetzelfde gaan doen."

"Naar de supermarkt is echt niet verstandig"

Van Arnhem seit dat er de boel beslist net wer op slot dwaan wol. "Wij vragen onze bezoekers binnen te blijven. Een wandeling mag natuurlijk wel, maar naar de supermarkt of op bezoek bij familieleden is nu echt niet verstandig."
It kin net oars, seit Van Arnhem, dy't gjin oare mooglikheden sjocht om de besmettingen bûten de doar te hâlden. "Medewerkers zijn inmiddels zó getraind en zó alert; als ze verkouden zijn, blijven ze thuis en laten zich testen. Wij denken dat de meeste besmettingen ontstaan in het contact tussen bewoners en bezoekers."
Reaksjes op de ekstra maatregels