NHL Stenden en Van Hall Larenstein bondelje krêften

De Ljouwerter hegeskoallen NHL Stenden en Van Hall Larenstein ûndersykje hoe't se mear gearwurkje kinne. Se ûndertekenen dêr woansdei in ferklearring foar. Jan van Iersel, foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan Van Hall Larenstein: "Beide hogescholen hebben hun eigen unieke expertises, maar daartussen zit ook veel raakvlak. Door onze krachten slim te bundelen, kunnen we nog meer bijdragen aan een duurzame en betere wereld."
© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
NHL Stenden en Van Hall Larenstein biede al mei-inoar opliedingen op it mêd fan lifesciences and technology oan. De hegeskoallen sjogge kânsen om inoar ek op it mêd fan ûnderwiis en ûndersyk te fersterkjen op tema's lykas duorsum ûndernimmerskip of wetter. Ek binne se fan doel gear te wurkjen yn it dwaan fan praktysk ûndersyk nei ûnderwerpen lykas enerzjytransysje.
Erica Schaper, foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan NHL Stenden, neamt as ien fan de foarbylden in gearwurking fan harren lokaasje op Skylge mei de oplieding Kust- en Zeemanagement fan Van Hall Larenstein.
"Daarnaast kan internationalisering prachtige nieuwe initiatieven opleveren. Wildlifemanagement wordt nu benaderd als internationaal thema. Maar wat als je de opgedane kennis hierover zou toepassen op het Waddengebied?", sa seit se.