Hûzeprizen yn Fryslân 13% heger as in jier lyn

De hûzeprizen yn Fryslân wienen yn it lêste fearnsjier fan ferline jier 13% heger as in jier lyn. In hûs yn ús provinsje koste yn it fjirde fearnsjier fan 2020 yn trochsneed 278.000 euro. Dat docht bliken út de sifers fan makeldersferiening NVM.
Holwert © Shutterstock.com / Marc Venema
Yn de lêste trije moannen fan ôfrûne jier binne yn totaal 1462 hûzen ferkocht, hast sechstich mear as ferline jier yn deselde perioade. Hast de helte fan de ferkochte hûzen gong fuortendaliks boppe de fraachpriis. Lanlik lei dat oandiel noch heger.
De groei fan de ferkochte hûzen is ferdield oer de hiele provinsje, seit Willem Donker, foarsitter fan NVM-ôfdieling Fryslân. Allinnich yn regio Ljouwert waarden minder hûzen ferkocht. "De trend dat de dorpen steeds populairder worden om te wonen gaat dus door", seit Donker.

Minder regionale ferskillen

Regionale ferskillen yn prizen en it tal ferkochte hûzen wurde hieltyd lytser, seit de NVM. "De woningkrapte in de grotere plaatsen zorgt er kennelijk voor dat kopers bereid zijn om uit te wijken naar omliggende regio's waar verhoudingsgewijs meer aanbod is." Yn it súdeasten fan de provinsje binne mear frijsteande hûzen ferkocht, yn it noardeasten mear twa-ûnder-ien-kaphûzen.

Mear keapers út Rânestêd

Ferline jier gong 11% fan de ferkochte hûzen yn Fryslân nei minsken út de Rânestêd, meldt de NVM. In jier earder wie dat noch 6%. Sy wurkje hieltyd mear thús en dat kin ek út Fryslân wei. Donker: "En dan vooral in de buitendorpen rondom een grotere plaats met voorzieningen. Een werkkamer en goede wifi is dan een must."
In Frysk hûs stie gemiddeld 27 dagen lang yn de ferkeap, fiif dagen koarter as yn it tredde fearnsjier. "Woningen wisselen dus nog steeds zeer snel van eigenaar", seit Donker. "De beperkingen die de coronacrisis op economisch gebied met zich mee brengt hebben kennelijk geen negatieve invloed op het consumentenvertrouwen en koopgedrag."