Folgje 3 dagen alles oer de Hynstekeuring by Omrop Fryslân

De jierlikse hynstekeuring fan de KFPS, de Koninklijke Vereniging "Het Friesch Paarden-Stamboek" wurdt dit jier trije dagen lang útstjoerd troch Omrop Fryslân. De finaledei fan de Hynstekeuring wurdt alle jierren al útstjoerd troch de Omrop en dêr stimme in soad minsken op ôf út de hiele wrâld wei. No't der gjin publyk by wêze kin, is it hiele evenemint yn Drachten fan 14 oant en mei 16 jannewaris live te folgjen by Omrop Fryslân. De earste twa dagen, tongersdei en freed, fia meartalige livestreams op de webside en de Omrop-app en de lêste dei, sneon, ek op telefyzje.
Hynstekeuring © Omrop Fryslân
Op tongersdei 14 en 15 jannewaris stiet de twadde besichtiging fan de jonge hynsten sintraal. Yn de earste besichtiging healwei desimber kwalifisearren 112 hynsten har foar de twadde stap op wei nei in mooglike karriêre as stamboekhynst. Dêr binne no noch 97 fan oer, dy't oan de keuring meidogge.
De keuring is streekrjocht te folgjen fia livestreams fan 09.30 oere ôf yn it Dútsk, Ingelsk en Frysk.

Wa wurdt kampioen fan 2021?

Sneon 16 jannewaris begjint de striid tusken de stamboekhynsten. De spektakulêre Matthys 504 wie de algemien kampioen fan 2020, soe it him dit jier noch in kear slagje? Of pakt de reservekampioen Nane 492 de titel. Dizze en noch hiel wat oare hynsten fan it stamboek meie sneon 16 jannewaris wer har bêste poat foarsette.
De bylden fan de paradearjende hynsten binne fan 09.00 oere te folgjen op telefyzje en fia de livestreams op de webside en de Omrop-app.
Omrop Fryslân-presintator Gerrit de Boer en saakkundige Henk Dijkstra fersoargje foar de telefyzje-útstjoering it kommentaar.
Hynstekeuring 2021 by Omrop Fryslân
Sjoch foar alles oer it Frysk hynder ek op Omropfryslan.nl/hynstekeuring.