Plysje siket frou dy't bussjauffeur op De Gordyk yn it gesicht flibe

De plysje is op syk nei in frou dy't op De Gordyk in bussjauffeur yn it gesicht flibe hat. It foarfal barde op 14 desimber.
© Plysje
De frou stapte yn de Hoofdstraat op De Gordyk op 'e bus. Se joech oan dat se in e-ticket hie op har telefoan. It slagge lykwols net om it elektroanyske ticket te scannen om't it nei alle gedachten net jildich wie. Om't de frou gjin jildich ferfierbewiis hie, waard sy fersocht de bus te ferlitten.
De frou waard lilk en stuts har holle achter it coronaspatskerm dêr't de bussjauffeur achter sit. Dêrnei flibe se de sjauffeur yn har gesicht en stapte se de bus út.
Bylden fan it foarfal binne te sjen op de webside fan de plysje. De plysje wol graach witte wa't de frou is. Minsken dy't witte wa't sy is of dy't har werkenne, wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje fia 0800-6070 of anonym fia 0800-7000.