Skuorre folslein yn 'e jiske nei brân yn Kollum
In skuorke yn Kollum is woansdeitemoarn folslein útbaarnd nei in fûle brân. De skuorre stie neist in wente oan de Van Bootsmalaan yn it doarp.

Doe't de brânwacht arrivearre, sloegen de flammen al út de skuorre. By de brân soene inkelde knallen te hearren west hawwe. Ek kaam der in soad reek frij. De brânwacht koe it fjoer lykwols rap útmeitsje.
Hoe't de brân ûntstie, is noch net dúdlik. Der rekke gjinien ferwûne.