Frou bedarret mei scootmobyl yn 'e sleat op It Hearrenfean
In frou is tiisdeitejûn mei har scootmobyl in sleat oan de Veldschans op It Hearrenfean yn riden. It ûngelok soe bard wêze trochdat se de bocht te betiid naam. Se koe op eigen krêft út de sleat komme. Se is troch ambulânsepersoniel nei hûs ta brocht.
