Stellingwerfske Cloudsurfers winne Talent Award op Popgala Noord

De band Cloudsurfers hat op it Popgala Noord de Talent Award wûn. De jonge garageband mei leden dy't har oarsprong yn Skerpenseel en Spangea hawwe, wie nominearre mei twa oare artysten út de noardlike provinsjes.
Stellingwerfske Cloudsurfers winne Talent Award op Popgala Noord
De band makket sûnt 2019 garagepunk en wûn ferline jier al de Kleine prijs fan Fryslân. Sy hiene op Eurosonic spylje sillen, mar dat is útsteld oant takom jier. Cloudsurfers hie it yn 2020 net maklik, seit gitarist Pieter Sloot. "In maart vielen alle optredens weg. Dan is het wel moeilijk om weer door te gaan. Op een gegeven moment zei iemand van ons: we kunnen er net zo goed mee ophouden. Maar we hebben een album opgenomen en singles uitgebracht en we hebben wat kleine zitshowtjes gedaan."
Oer de Talent Award seit hy: "Heel fijn. Het is wel motiverend om erkenning te krijgen voor de moeite."
Gitarist Pieter Sloot
Cloudsurfers © Cloudsurfers

Digitaal

Alle jierren wurde der prizen foar de Noard-Nederlânske muzykyndustry útrikt op it Popgala Noord. Dat fynt plak flak foar it begjin fan it festival Eurosonic/Noorderslag yn Grins. It festival, it gala en dus ek de bekendmakking fan de ferskillende awards binne dit jier allegear online. Fia in livestream út popoadium Vera koe it publyk de awardshow folgje.
Fierder wiene der noch prizen as de lifetime achievement award. Dy gie nei Grinzer museumdirekteur Andreas Blühm. Wytze Dijkstra krige de pubykspriis foar Collega van het Jaar. Hy is ûnder oaren aktyf by Podium Asteriks en oprjochter fan it kluphûs fan Welcome to the Village. De priis foar beste artyst gie nei Grinzer solo-artyst Inge van Calkar.

Welcome to the Village

De Omdenk Awards, in spesjale priis foar it bêste inisjatyf yn de coronakrisis, gie nei festival Welcome to The Village. Dat makke dit jier in radio-útstjoering en betocht in spesjale doaze fol lekkers fan eigen leveransiers. Ek Kraantje Pappie en it online poadium Locked and Live krigen de Omdenk Award. Dêrmei hienen alle nominearden yn dizze kategory in priis.