CBR stelt opnij tûzenen eksamens út: skea net samar wer ynhelle

Op 'e nij wurde teory- en praktykeksamens, tuskentiidske toetsen en rydtesten útsteld, dat hat it CBR (Centraal Bureau Rijvaardigheidsbewijzen) bekend makke. Lanlik wiene der al 190.000 eksamens en testen annulearre, mar dêr komme no nochris 120.000 by. Alles wurdt yn elts gefal oant 9 febrewaris útsteld.
© ANP
De maatregel hat te krijen mei it langer duorjen fan de lockdown. Uteinlik moatte alle eksamens, toetsen en testen sûnder ekstra kosten ynhelle wurde. Foar dat ynheljen hat it CBR oant en mei 15 maaie plakken frij holden. Sa komme minsken mei in útsteld eksamen earder oan bar as nije kandidaten.
Dochs is de ferwachting net dat it CBR de skea samar ynhellet. "Het is mogelijk om direct een afspraak te maken op 10 februari, maar veel kandidaten zullen even willen wachten. Die hebben al die tijd niet kunnen lessen, dus je wilt niet direct na de lockdown afrijden. De gemiddelde kandidaat zal toch wat lesjes willen", hat in wurdfierder fan it CBR sein.