Sealkompetysje kuorbal skrast, mar Korfbal League giet wol troch

Yn alle klassen leger as de Korfbal League is dit jier gjin sealkompetysje, seit it Nederlânsk kuorbalbûn KNKV. Mei de ferlinging fan de lockdown is it úteinsetten fan de kompetysje op 6 febrewaris net mear mooglik. It betsjut dat de Korfbal League, dêr't LDODK fan De Gordyk-Terwispel yn spilet, noch wol trochgiet.
© Omrop Fryslân
6 febrewaris wie de uterste datum dy't ein oktober troch it kuorbalbûn fêststeld is. De Korfbal League hat as topkompetysje wol in útsûnderingsposysje en set dus wol útein. It net-trochgean fan de sealkompetysje yn alle klassen ûnder de Korfbal League sil in soad gefolgen hawwe foar kuorbalferieningen.