Thúswurkers kinne it hûs ûntflechtsje nei Snitser loazjemint-bierkafee

Thúswurkers kinne de doar wol âljend en razend út drave om't sy sa ticht op de bern en oare minsken yn it húshâlden sitte. En yn in hoarekasaak is it just stil om't in kafee fanwege de coronamaatregels net iepen mei. Ien en ien is twa, dat is wat Klaske de Haan fan Snits tocht. Sy hat har loazjemint-bierkafee 3B iepen steld foar minsken dy't efkes yn alle rêst bûten de doar wurkje wolle.
It pear De Haan © Omrop Fryslân, Willem de Vries
Undernimmers wurde troch de coronakrisis somtiden ek twongen om kreatyf nei te tinken. Dêr is it bierkafee fan Snits wol in foarbyld fan. Yn maart 2020 wie de skrik noch hiel grut, seit De Haan. "Wy seagen in moai jier oan kommen, mar dêr waard ynienen in streek troch set. Dan fielst de grûn wol efkes ûnder de fuotten weisakjen. Aldergeloks wie der yn de simmer mear drokte, mar yn de hjerst fielden wy al oan dat it net goed komme soe."

"It moat gjin moannen mear duorje"

Gjin bier mear op tafel, net in soad gasten mear yn it hotel. "It moat net noch trije, fjouwer moannen duorje. Want dan hawwe wy echt wol in probleem," fertelt De Haan. "Aldergeloks wurdt der noch wol wat besteld, of by it iten brûkt. Mar de foarrie giet net hiel hurd op dit stuit. Mei troch de moaie simmer sitte wy hjir noch. Wy hawwe noch wat oernachtingen. Mar wy wolle graach wel folslein iepen."

Produktiver plak

Dêrom betocht sy in plan: de keamers ferhiere oan thúswurkers dy't in produktiver plak sykje. "De keamers steane foar in grut part leech. Wy hearden dat guon thúswurkers in better plak sykje om yn in rêstiger plak te wurkjen. Yn ús keamers sitte wol buro's. Dus minsken kinne in keamer reservearje foar in dei mei fergees kofje en tee. Sa kinne sy efkes út de thússituaasje wei. Dêr kinne de spanningen ek wat oprinne sa ticht op de bern en de partner. En op dy wize jout it ús ek noch wat ynkomsten om dizze perioade troch te kommen."
Ferslachjouwer Willem de Vries yn Snits
Elts kin coronaproof op in eigen keamer wurkje. "Der is in ynternetferbining, je hawwe gjin lêst fan inoar. Wy hawwe 17 keamers. Der binne hieltyd wol sa'n 7 keamers beskikber foar de minsken dy't hjir wurkje wolle," leit De Haan út.

Bûtendedoarwurkje

De namme 3B stie oarspronklik foar bier, bitterballen en breakfast, seit De Haan. Mar miskien kin der in B by: fan bûtendedoarwurkje.
Klaske de Haan fan 3B