Al mear as 100 bisten adoptearre by Sanjes Safari

By Sanjes Safari yn Feanwâlden binne se in wike lyn úteinset mei de aksje 'Adopteer en dier.' Dit mei it doel om jild op te heljen om de fêste lêsten troch te beteljen. Der binne no al sa'n 100 bisten adoptearre.
Sanjes Safari Adopteer een dier
"Dat dit zo goed zou lopen hadden wij ook niet durven hopen. De eerste dag gingen mensen gelijk al in actie om een dier te adopteren en nu zitten we al over de 10.000 euro heen. Hier kunnen wij de komende zes weken de dierenverzorging ondersteunen," fertelt Wimer Visbeek, eigener fan Sanjes Safari.
Op de webside fan Sanjes Safari kinne minsken kieze út trije ferskate adopsjepaketten en dêrnei kinne sy in bist selektearje dy't sy symboalysk adoptearje wolle. Ek kinne wy in boadskip efterlitte foar de bistetún.
De meast populêre bisten op dit stuit binne de Europeeske oehoe, de dwerchgeit en it iikhoarntsje. De strûsfûgel en de ibis kinne noch wol wat help brûke.