Judoka Tornike Tsjakadoea wint brûns op Doha Masters yn Katar

Judoka Tornike Tsjakadoea út Ljouwert hat brûns wûn op de Doha Masters yn Katar. De striid om it tredde plak yn de klasse oant 60 kilogram gie net troch: de Frânsman Walida Khyar luts him werom fanwege in blessuere.
Tornike Tsjakadoea © ANP
De yn Fryslân berne soan fan Georgyske âlden is yn prinsipe al wis fan it meidwaan oan de Olympyske Spelen, mar dan moat er wol de foarm fêsthâlde. Sûnder yn aksje te kommen yn de earste ronde fersloech er de Frânsman Luka Mkheidze en de Spanjert Francisco Garrigos, om yn de kwartfinales ûnderút te gean tsjin de Rus Yago Aboeladze.
Tsjakadoea fersloech de Oezbeek Diyorbek Oerozbojevin yn syn earste duel yn de werkânsingen en troch de blessuere fan Khyar gie de partij om it tredde plak net troch.
De wedstriid yn Doha is it earste fan trije toernoaien wêryn't Takadoea en de oare Nederlânske judoka's noch sjen litte kinne dat se in ticket foar de Spelen fan Tokio wurdich binne. Hjirnei stean noch de Grand Slam yn Tel Aviv (19-21 febrewaris) en de EK yn Lissabon (16-18 april) op it programma.