Twa Lemsters krije wurkstraf foar mishanneling en bedriging jonge doarpsgenoat

Twa manlju fan De Lemmer (21 en 26) dy't in 16-jierrige doarpsgenoat mei in neppistoal bedrige ha, binne feroardiele ta wurkstraffen fan respektyflik 180 en 150 oeren.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De twa namen it slachtoffer ferline jier septimber mei nei it Kúnderbosk yn de Noardeastpolder, om him in leske te learen. De jonge soe him op sosjale media negatyf útlitten ha oer de jongste fertochte en in kunde fan ien fan de manlju.
Yn de bosk waard it slachtoffer mishannele en krige er it nepwapen tsjin de holle set. De jonge seit dat er noch altiten bot lêst hat fan wat him oerkaam is. Hy soe net goed mear sliepe kinne en panykoanfallen ha.
Beide fertochten krigen neist de wurkstraf ek in in moanne selstraf ûnder betingst oplein. In fersyk fan it slachtoffer om 1500 euro smertejild waard ôfwiisd.