EK shorttrack giet troch; gjin EK sprint op 'e langebaan foar Schulting

Suzanne Schulting docht kommend wykein net mei oan it Europeesk kampioenskip sprint yn Thialf. Op it wrâldkampioenskip kwalifikaasjetoernoai ein desimber hie Schulting har pleatst foar dit langebaantoernoai, mar it is net te kombinearjen mei it EK shorttrack,dat in wike letter plakfynt. Dêrom hat se har moandei ôfmelden.
© Orange Pictures
De Nederlânske shorttrackseleksje giet kommend wykein nei Poalen, dêr't yn Gdansk it EK hâlden wurdt. Schulting hat fan it begjin ôf oanjûn dat se it EK sprint net ride soe, as it shorttracktoernoai trochgean soe. Om beide opsjes sa lang mooglik iepen te hâlden, hat de shorttrackster fan De Tynje har net earder ôfmelden foar it EK sprint. Se docht yn febrewaris wol mei oan it wrâldkampioenskip ôfstannen yn Thialf.
Jorien ter Mors sil Schulting op it EK sprint ferfange as tredde Nederlânske sprintster, njonken Jutta Leerdam en Femke Kok.