Ferskate partijen woene Jenny Douwes op de list foar de Twadde Keamer

Sa'n fjouwer of fiif politike partijen hawwe besocht om Jenny Douwes op de kandidatelist list foar de Twadde Keamer te krijen. De ûndernimster dy't benammen bekend waard yn de saak fan de saneamde Blokkearfriezen, hat se lykwols allegearre ôfwiisd. Dat makke Douwes bekend yn it Nijsfoarum fan Buro de Vries.
© Omrop Fryslân
Konkreet woe sy gjin partijen neame, mar fertelde wol dat se foar Forum voor Democratie en de PVV wolris it ien en oar dien hat. Ek in tal nije partijen hat besocht Jenny Douwes oan har te binen, mar sûnder sukses dus.

Te drok en te jong

Har ûnderfiningen as ûndernimmer en aktiviste wol se graach diele, ek mei politike partijen, mar sy is net beskikber as kandidaat foar hokfoar partij dan ek. Sy hat it noch fierstente drok mei har eigen bedriuw en húshâlding mei opgroeiende bern, mar sy fynt harsels eins ek noch wat te jong foar soks.
De Twadde Keamerferkiezingen binne dit jier op 17 maart.
Jenny Douwes yn Buro de Vries
Klik hjir foar de folsleine útstjoering fan Buro de Vries op 10 jannewaris 2020. Dêr is ek it Nijsfoarum hielendal te finen.