Stichting Taalverdediging tsjin FNP-plan foar Frysk yn Statút Keninkryk

Stichting Taalverdediging keart him tsjin de plannen fan de FNP om it Frysk, Ingelsk en it Papiamintsk yn it 'Statuut van het Koninkrijk der Nederlanden' op te nimmen. De feriening hat in iepen brief oan de partij skreaun.
© Shutterstock.com (Gigra)
It opnimmen fan de Fryske en Nederlânske taal yn de Grûnwet is troch it regear ôfblaasd. Dêrom wol de Steatefraksje fan de FNP dat de talen yn it statút komme, sa hawwe leden fan Stichting Taalverdediging lêzen yn it FNP-partijblêd Frijbûtser. Dat statút is in oerienkomst dy't de relaasje tusken de lannen fan it Keninkryk regelet.
"It Statút is de heechste wet fan ús lân, stiet boppe de Nederlânske Grûnwet en is makliker oan te passen as de Grûnwet," sa skreau de FNP. Fraksjefoarsitter Sijbe Knol soe al kontakt lein hawwe mei Antilliaanske media om de plannen ek dêr út te lizzen.

"FNP-alternatyf is net winsklik"

De feriening jout oan lykas de partij ek teloarsteld te wêzen dat de talen net yn de Grûnwet fêstlein wurde, mar seit ek dat it alternatyf fan de FNP net winsklik is. Neffens de feriening is it praktysk nut foar de talen 'zeer gering' en it fêstlizzen fan it Ingelsk soe 'ronduit gevaarlijk' wêze foar de beide talen. Stichting Taalverdediging is yn 2001 oprjochte troch guon leden fan it Genootschap Onze Taal dy't fûnen dat dit genoatskip te min die oan feringelsking. Troch it Ingelsk op te nimmen, bestiet der in kâns dat it Frysk en it Nederlânsk minder beskerme wurde en dêrtroch fertutearzje.

Praktyske wetten

"Beter is om aan te sturen op het opnemen van het Nederlands en het Fries in praktische wetten," sa skriuwt de feriening. As foarbyld jouwe sy dat it yn iepenbiere romten ferplicht steld wurde kin om meidielingen en opskriften yn it Nederlânsk en it Frysk oan te bringen.