Wensoarchsintrum 't Suyderhuys yn Surhústerfean op slot fanwegen corona

Wensoarchsintrum 't Suyderhuys yn Surhústerfean is freed sletten. Oant 21 jannewaris mei der gjin besite yn it gebou komme. Yn it sintrum waard troch GGD Fryslân by tolve bewenners en fjirtjin meiwurkers it coronafirus fêststeld.
© Google Street View
Boppedat ha meardere bewenners en meiwurkers klachten dy't passe by in besmetting mei corona. It firus hat him oer meardere ôfdielingen ferspraat, dêrom waard yn oerlis mei de GGD besletten it soarchsintrum te sluten. Der soe 'onvoldoende zicht op de verspreiding van het virus' wêze. Oant 21 jannewaris moatte de bewenners yn karantêne op harren eigen keamer bliuwe.
De KwadrantGroep, dêr't de lokaasje yn Surhústerfean ûnder falt, jout oan dat it berjocht fan de sluting 'heftig' is. "Voor nu is dit de beste manier om het coronavirus een halt toe te roepen en bewoners en bezoek te beschermen. Vanzelfsprekend hebben wij in deze situatie extra aandacht voor de gezondheid en het welzijn van de bewoners van 't Suyderhuys."