SC Cambuur ferliest yn eigen hûs fan FC Volendam, mar wint wol perioadetitel

SC Cambuur hat freedtejûn foar it earst yn goed twa moannen wer in kompetysjewedstriid net wûn. Yn eigen hûs ferlearen de Ljouwerters mei 0-1 fan FC Volendam. Nettsjinsteande it ferlies, pakte Cambuur wol de titel yn de twadde perioade om't konkurrint Almere City FC net wûn fan FC Eindhoven.
© Orange Pictures
De earste kâns fan de wedstriid wie yn de fiifde minút foar de besikers, en dat wie direkt in hiele grutte. Ferdigener Joris Kramer ferspile de bal oan Samuele Mulattieri, mar hy koe it bûtenkânske krekt net benutte. It skot fan de Internazionale-hierling gie fia de bûtenkant fan de peal neist.
De earste sjitkâns foar de Ljouwerters wie foar Doke Schmidt. Hy koe mei in 'swabberbal' keeper Joey Roggeveen krekt net ferrasse. Beide ploegen makken yn de earste helte in soad flaters en dat levere oan wjerskanten kânsen op. Ek de oanfallers fan beide partijen wiene lykwols net skerp en dus bleau de earste helte doelpuntleas.

Mühren op de peal

Ek yn de twadde helte wie it sykjen foar Cambuur en Volendam. De einpass wie faak net goed, wêrtroch de oanfallers net yn skoaringsposysje kamen. Kluptopskoarer Robert Mühren kaam dat yn de 74e minút pas wol wer in kear, mar each in each mei Roggeveen skeat hy de bal op de peal.
De Volendammers lutsen úteinlik oan it langste ein. Yn de slotfaze koe Mulattieri fan tichteby binnensjitte. Yn de blessueretiid besocht Cambuur it noch wol om op likense hichte te kommen, mar ta serieuze mooglikheden kaam it net mear.

Perioade

Nettsjinsteande it ferlies krige Cambuur nei de wedstriid wol it Bronzen Schild foar de twadde perioade útrikt. De Ljouwerters pakten, krekt as yn de earste perioade, de measte punten. It prizejild en it bybehearrende play-offticket giet lykwols nei Almere City FC, om't dy priis mar ien kear yn it seizoen nei in ploech tagean kin.
De ploech fan Henk de Jong stiet ek noch hieltyd boppe-oan yn de Keuken Kampioen Divisie. It gat mei nûmer trije De Graafschap is lykwols wol trije punten lytser wurden, fan alve nei acht. Almere stiet op it twadde plak mei twa punten minder as Cambuur.
SC Cambuur - FC Volendam 0-1 (0-0): 0-1 87' Samuele Mulattieri.
Opstelling SC Cambuur: Stevens; Schmidt, Mac-Intosch (89' Ladan), Kramer, Sambissa; Jacobs, Hoedemakers, Paulissen; Korte (68' Antonia), Mühren, Kallon (85' Breij).