Fries oer bestoarming Capitool: "Doar dit kear net te sizzen dat it tafalt"

Wat woansdei begûn as in demonstraasje fan tûzenen Trump-oanhingers yn it sintrum fan de Amerikaanske haadstêd Washington D.C., einige mei de bestoarming fan it parlemintsgebou, it Capitool. It slagge de demonstranten om de fergaderseal fan it Hûs fan Offurdigen te berikken. Fjouwer minsken kamen dêrby om it libben en tsientallen minsken rekken ferwûne. Lizabeth Dijkstra fan Hitsum wennet yn New York en folge de ûntwikkelings op de foet: "De rêst liket yntusken wer wat werom."
© Shutterstock
Bylden fan pro-Trump-demonstranten yn de gongen fan it Kongres, yn kantoaren fan meiwurkers en sels op de stoel fan vice-presidint Pence giene de wrâld oer. De demonstranten waarden earder oanmoedige troch Trump sels, dy't harren oprôp nei it Capitool te gean.
"We hiene woansdei al heard dat der demonstraasjes wêze soene. Dat wie net geheim", fertelt Dijkstra. "Om in oere as fjouwer kaam it nijs dat se troch de kearstekken hinne brutsen wiene en de treppen fan de gebouwen oan it bestoarmjen wiene. Dat is folle ekstremer as wy überhaupt tochten dat mooglik wie. Doe hawwe wy de telefyzje oanset en ek net wer útdien."

It meast ekstreme wurdt normaal

It is neffens Dijkstra opnij in grutte skok. "It is wer in hiel ekstreem foarbyld fan hoe fier oft sokke retoryk fiere kin. It is it bekende ferske fan it presidintskip fan Trump: der bart wer wat heftichs, mar úteinlik wurde de meast ekstreme foarfallen en útspraken normaal. Mar dit giet wol hiel fier", fertelt de Hitsumer.
De skrik sit der neffens har ek goed yn by de Amerikaanske politisy. "It siet der oan te kommen. Trump hat yn de ôfrûne dagen al faker oproppen ta opstân, mei de 'march to the capital'. Mar ik tink dat in soad minsken derfan skrikke dat it no echt bart. Echt in hiele grutte ferrassing is it úteinlik net."

Ofsettingsproseduere

Inkelde ministers beprate no de mooglikheid om Trump ôfsette te litten. It kabinet kin in presidint ôfsette ûnder it 25e amendemint fan de Amerikaanske grûnwet as de presidint net geskikt achte wurdt om syn amt noch langer út te oefenjen. "Dêr hawwe se in mearderheid yn syn kabinet, syn ministerstêf, foar nedich en ek de stipe fan vice-presidint Mike Pence. As se dy by elkoar krije, dan kin der in ôfsettingsproseduere start wurde", leit Dijkstra út.
Normaal sprutsen soe se dat net sa gau echt barren sjen, om't sy al fjouwer jier hiel loyaal west hawwe oan him. Dijkstra: "Ynteressant is wol dat ferskate republikeinske senatoaren woansdeitejûn protestearje soene tsjin it foarlêzen fan de stimmingsútslach fan de ferkiezings, mar sy hawwe harren protesten farre litten om de ferkiezingsútslach der mar troch te krijen. Dêryn merke je dat der in omkear west hat ûnder harren."
© Lizabeth Dijkstra
Guon oanhingers binne dus kritysker wurden. "Dat kin gefolgen hawwe foar in eventuele ôfsettingsproseduere. It hinget der ek fan ôf hoe't Trump him de kommende dagen gedraacht." Trump bliuwt oant 20 jannewaris op syn funksje as presidint. Der kin yn de kommende twa wiken noch in soad feroarje. "Dat it echt mooglik wie om troch de befeiliging fan it Capitool hinne te brekken en mei de Confederate Flag yn de senaatsseal te swaaien, dat is flink wat stappen fierder."
Trump bêde it protest dan ek net echt del. Hy rôp protestanten wol op om nei hûs te gean en rêstich te bliuwen, mar hy werhelle dat de ferkiezings "stellen wiene" en net earlik ferrûn wiene. "De demonstranten sizze dat dit noch mar it begjin wie en dat se letter werom komme en dan miskien net mear frijwillich fuortgean. De groepen binne swier bewapene, dus dit soe noch flink út de hân rinne kinne. Ik doar net te sizzen dat it dit kear wol tafalt", beslút Dijkstra.
Lizabeth Dijkstra yn de Feriene Steaten