Leendert Ferwerda stapt oer fan FNP Waadhoeke nei Gemeentebelangen
Yn de ried fan Waadhoeke stapt riedslid Leendert Ferwerda (77) fan Sint-Anne oer fan de FNP nei Gemeentebelangen. Ferwerda docht dat út argewaasje oer it optreden fan FNP-wethâlder Jan Dijkstra.

By de Bildtse Post seit Ferwerda him 'niet langer thús te foelen' by de FNP. Hy wol by de gemeenteraadsferkiezingen fan maart 2022 op de list foar Gemeentebelangen. "Pertijen binne na die raadsferkiezings toe al doende met pertijprogramma's en de kieslist", seit Ferwerda. "Ik ben fan bedinken dat myn beslút in de nag lopende raadsperioade dan niet langer te kombineren is met raadslid te bliven foor de FNP Waadhoeke."
Troch syn oerstap is Gemeentebelangen no de grutste opposysjepartij yn de ried fan Waadhoeke mei acht sitten, like grut as it CDA. Kolleezjepartij FNP hâldt nei de oerstap fan Ferwerda noch trije sitten oer. De trije kolleezjepartijen (CDA, SAM en FNP) ha noch wol in mearderheid yn de ried: 17 fan de 29 sitten.
Ferrassing foar FNP
Leendert Ferwerda siet earder yn de ried fan It Bilt foar de PvdA en rjochte yn 2010 de Frije Bilkerts op. By de weryndielingsferkiezingen foar de nije gemeente Waadhoeke krige Ferwerda as FNP-kandidaat 600 foarkarstimmen. Foar FNP-fraksjefoarsitter Bert Vollema komt it nijs as in ferrassing. "It hat ús oerfallen." Hy fynt dat Ferwerda de rit útsitte moatten hie of syn sit ynleverje.
Ferwerda is dizze riedsperioade al de twadde FNP'er dy't oerstapt nei Gemeentebelangen. Haaye Hoekstra fan Berltsum die earder itselde. "Je sjogge dan earst nei jesels", seit Vollema. "Ha wy wat ferkeard dien? Mar dat gefoel hawwe wy net. Ferwerda hat ek sein dat it net oan de fraksje leit."
Leendert Ferwerda
Ferbjustere
De FNP-fraksje yn de gemeente Waadhoeke is ferbjustere oer de oerstap fan Leendert Ferwerda nei Gemeentebelangen. De partij sprekt yn in reaksje fan 'in dolkstjit yn de rêch'. De FNP fynt dat it net respektfol is nei de kiezer dat Ferwerda syn sit meinimt nei Gemeentebelangen, omdat hy keazen is ûnder de flagge fan de FNP. De partij fyn dat ekstra soer omdat Ferwerda meiskreaun hat oan it ferkiezingsprogramma en it koälysjeakkoart noch altyd ûnderskriuwt. De FNP hâldt no noch trije sitten oer, mar bliuwt fol oertsjûging yn de koälysje mei it CDA en SAM, sa stiet yn in ferklearring. De partij seit grutsk te wêzen op wat de koälysje de ôfrûne trije jier foarinoar krigen hat.
Bert Vollema fan de FNP