Siem de Jong hopet op Hearrenfean-debút snein: "Ik kan gewoon spelen"

SC Cambuur is de earste Fryske klup dy't wer yn aksje komt en docht dat suksesfol. Mar wie it echt wol de bêste helte fan it seizoen? En kin Siem de Jong snein syn debút meitsje foar SC Hearrenfean? Yn de nije SportCast sykje we kontakt mei de oanwinst fan de Feansters. En assistint-skiedsrjochter Hessel Steegstra fertelt oer it WK foar klups, dêr't er mei skiedsrjochter Danny Makkelie en kollega-assistint Mario Diks fan Ljouwert nei ta mei.
De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen. Fynst der ek de podcastôfleveringen oer 100 jier SC Hearrenfean, mei ferhalen út it ferline.
In moanne lyn waard bekend dat Siem de Jong nei SC Hearrenfean komme soe. Yn 2020 mocht er noch net spylje, mar de oanfallende middenfjilder hat al wol in oantal wiken meitraine kinnen. "Ik voel me goed. Ik heb een maand lang kunnen trainen. Het vervelende is dat er een korte voorbereiding is voor de eerste wedstrijd en er geen oefenwedstrijden zijn", fertelt De Jong yn de SportCast.
Snein spylje de Feansters tsjin Fortuna Sittard. Soe hy dan al debutearje kinne? "Ik kan gewoon spelen. Deze week ga ik zitten met de trainer en de performance staff. We zullen een goed plan maken en slim moeten zijn richting het drukke schema van januari." SC Hearrenfean spilet dizze moanne yn 21 dagen leafst 7 wedstriden. Dêryn hopet De Jong him sjen litte te kinnen as oanfallende middenfjilder. "Ik richt mezelf meer op de '10'. Ik hoop de verbinding tussen de twee andere middenvelders en de voorhoede te zijn."

WK foar klups

Oer in moanne sille twa Friezen aktyf wêze op it WK foar klupteams yn Katar. Hessel Steegstra en Mario Diks sille Danny Makkelie assistearje op dat toernoai, dêr't ûnder oaren Bayern München oan meidocht. Steegstra wit noch net hoefolle wedstriden se liede meie. "We ha noch gjin flau idee. Der komme sân skiedsrjochtersteams en der binne sân wedstriden. It soe samar kinne dat we mar ien wedstriid dogge. De ôfrûne edysjes hat de Europeeske arbitraazje eins altyd minimaal ien wedstriid hân en somtiden wol twa."
Ek mei it each op de takomst kin dit in wichtich toernoai wurde foar Steegstra-en-dy. Want, de FIFA organisearret dit toernoai. En it wrâldfuotbalbûn organisearret fansels ek it wrâldkampioenskip fan 2022 yn Katar. "As we in goeie yndruk efter litte, meitsje we us kansen wol grutter", tinkt de Snitser assistint-skiedsrjochter.
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar.