Yn Fryske sikehuzen lizze 30 coronapasjinten op intensive care, 3 mear as wike lyn
It tal pasjinten op de IC's yn de Fryske sikehûzen dy't nei all gedachten besmet binne mei it coronafirus is de ôfrûne wike licht tanaam. Dat seit it Acute Zorgnetwerk Noord Nederland, dat de sifers byhâldt. Neffens de sifers fan moandei lizze der 30 minsken op de intensive care, trije mear as ferline wike moandei. It giet om in momintopname seit AZNN, de sifers kinne fluktuearje.

Op de gewoane ferpleechôfdielingen lizze 57 minsken mei ferskynsels fan it coronafirus. Dat binne der minder as ferline wike.
Yn de noardlike sikehûzen lizze mei elkoar 72 minsken op de IC. Krekt wat minder as de helte komt fan bûten de regio. Op de gewoane ferpleechôfdielingen lizze in lytse 170 minsken, dy komme foar it grutste part út it noarden.