Sikehûzen en ambulânsesoarch drok dwaande mei coronafaksinaasjeplan

Sikehûzen en ambulânsesoarch yn it noarden wurkje sûnt dit wykein al oan in coronafaksinaasjeplan foar it faksinearjen fan akute soarchmeiwurkers. Yn dat plan stiet bygelyks ynformaasje yn oer de priklokaasjes en de distribúsje fan it faksin. It stribjen is om ein dizze wike te begjinnen mei it ynintsjen.
© Shutterstock.com / Halfpoint
De ferdieling fan de coronafaksins foar de sikehûzen en ambulânsetsjinsten wurdt hjir yn Fryslân regele troch it Acute Zorgnetwerk Noord Nederland. Lanlik is ôfpraat dat it ferdielen fan de faksins fia de regio's giet, omdat dy al skoften goed mei elkoar gearwurkje.