Friezen troch de eagen fan in Amsterdamske fotograaf: "Hier hebben de mannen nog echte baarden"

Binne wy hjir yn Fryslân no wier sa oars as yn de Rânestêd? Fotograaf Nienke Bruinsma kin it witte. Sy komt fan Amsterdam en wennet sûnt twa jier yn Grou. Dêr set se mar wat graach har doarpsgenoaten op 'e foto. Fan har buorlju yn de Oosterhoutstraat oant stoere Grouster manlju mei burden. "Hier hebben de mannen nog echte baarden."
Fotografearje © Shutterstock.com
De rêst en de romte; Fryslân lûkt hieltyd mear minsken út de Rânestêd dy't har nocht ha fan de drokte yn de grutte stêd. Ek Nienke fûn yn Grou in noflik hûs mei in moaie foar- en eftertún, iepenslaande túndoarren en in romte dêr't se in studio yn makke. Mar se moast o sa wenne oan it gemis fan de grutte stêd. Benammen it kulturele libben. Doe't se har draai fûn hie, kaam it coronafirus. Hast al har foto-opdrachten foelen fuort. Mar Nienke gong net by de pakken delsitten.

'Saamhorigheid bij de voordeur'

Oan de ein fan 2020 betocht se in leuk projekt: se sette har buorlju yn de Oosterhoutstraat by de foardoar op de foto. Fan de 23 húshâldings dienen mar leafst 16 mei oan it projekt. "Het was mijn bedoeling om saamhorigheid in de straat te kweken. Er zijn best veel nieuwe bewoners. Het was ontzettend leuk om te doen. Mensen stuurden elkaar berichten met die foto als nieuwjaarskaart. Dus mijn doel is geslaagd."

'Mannen met baarden'

Dit projekt smakke nei mear. Yntusken hat Nienke nije projekten op it each: it portrettearjen fan 90-plussers yn Grou. Ek wie se al begûn mei it Grouster Baardmannen projekt. Neffens Nienke hawwe Grouster mannen hiele oare burden as Amsterdammers. "In Amsterdam hebben de mannen allemaal zo'n gestileerd baardje. Hier in Grou zijn de baarden veel woester en wilder."
Fotograaf Nienke Bruinsma