Mario Diks en Hessel Steegstra nei WK fuotbal yn Katar

Grinsrjochters Hessel Steegstra fan Snits en Mario Diks fan Ljouwert sille flagje op it WK fuotbal foar klupteams yn Katar. Beide Fryske grinsrjochters binne de fêste assistinten fan skiedsrjochter Danny Makkelie. Fan alle kontinenten wurdt der mar ien skiedsrjochter útnûge. En dus is Steegstra mar wat grutsk op de útnûging. "Dit is ien fan de toernoaien dy't yn it rychje fan 'heechst helbere toernoaien' heart."
Hessel Steegstra, Jan de Vries en Mario Diks ferline jier yn Camp Nou yn Barcelona © Omrop Fryslân
Hessel Steegstra is út de skroeven mei de útnûging foar it WK yn Katar. "Dit is fantastysk. Dit toernoai falt te fergelykjen mei in foarseleksje fan in WK. Hjirmei kinne wy ús 'in de kijker' spylje." It wrâldkampioenskip foar klupteams begjint op 1 febrewaris. Foardat it safier is, moat it arbitrêre trio earst yn training. "Wy gean 25 jannewaris dy kant op. Dan ha we earst in wike lang tariedings op de arbitraazje foar it toernoai. Wy krije ynstruksjes fan de FIFA en we hâlde praktyktrainings om situaasjes te oefenjen."

Strange coronamaatregels

Fanwegen it coronafirus hat de FIFA strange maatregels oankundige. "Wy wurde om de pear dagen test. Ek fan tefoarren moatte wy ús teste litte. Yn Katar is it gebrûklik om op it fleanfjild test te wurden. Ek moatte wy in app downloade op ús telefoan om yn de gaten te hâlden oft wy yn de buert west ha fan ien dy't besmet is. Sûnder al dy maatregels is it gewoan ûnmooglik. Dus it sil wol moatte."
Ek de Nederlânske skiedsrjochters Kevin Blom en Jochem Kamphuis binne yn Katar fan de partij. Sy stean lykwols net op it fjild, mar binne aktyf as fideoskiedsrjochters.
Grinsrjochter Hessel Steegstra