Brân leit skuorre by wenhûs yn Aldwâld yn 'e jiske: mooglik asbest frijkaam

In útslaande brân hat in skuorre by in wenhûs oan de Wygeast yn Aldwâld folslein yn 'e jiske lein. De brânwachtkorpsen fan Kollum en Bûtenpost koene wol foarkomme dat de brân oersloech nei it wenhûs.
© Foto's: Noordernieuws/De Vries Media
By de brân is gjinien ferwûne rekke. Wol kaam der in soad reek frij. De brânwacht tinkt dat der ek asbest frijkaam is. Dêrom is de gemeente alarmearre om de situaasje te besjen.
Hoe't de brân ûntstean is, is net bekend.