Fisker yn it wetter rekke by camping De Kleine Wielen yn Ljouwert

Op camping De Kleine Wielen oan de Griene Stjer yn Ljouwert is sneintemiddei in fisker yn it wetter rekke. De persoan is reanimearre en dêrnei mei in ambulânse nei it sikehûs brocht.
© Noordernieuws/De Vries Media
Der waarden in traumahelikopter, twa ambulânsen en meardere plysje-auto's oproppen. Hoe't de persoan yn it wetter telâne kaam is, is noch net bekend.