Boargemaster Waanders: 'Diskusje oer fjoerwurk moat fierd wurde'

Boargemaster Waanders fan de gemeente Waadhoeke fynt dat der in diskusje komme moat oer in eventueel definityf fjoerwurkferbod mei âld en nij. Neffens har is de âldjiersnacht fierwei de gefaarlikste fan it jier mei de measte ferwûnen. Dêrby komt it probleem fan de bedrigings en oanfallen mei fjoerwurk en oar guod op helpferlieners.
It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Marga Waanders © Simone Scheffer
Neffens Waanders moat der no echt ris goed nei sjoen wurde nei hoe't dat oars kin. Der soe dan neffens har sjoen wurde kinne nei alternativen as sintrale fjoerwurken. Neffens har is der hast gjin oar lân yn de omkriten dy't dit noch talit. "We binne sa ûngefear it lêste lân yn Europa dat it op dizze wize docht", sa seit se.
Boargemaster Waanders oer fjoerwurk
Twadde Keamerlid Aukje de Vries foar de VVD is it net mei Waanders iens. Wol moatte minsken mei yllegaal fjoerwurk hurd oanpakt wurde en moat sjoen wurde hoe't we ôfspraken meitsje kinne mei bygelyks Dútslân om te sjen hoe't je de ferkeap fan swier fjoerwurk tsjingean kinne.
Kandidaat foar de Twadde Keamer-ferkiezingen foar Forum voor Democratie Johan Talsma is it mei De Vries iens. Fjoerwurk is in tradysje, fynt hy. Dat moatte je neffens him moai sa hâlde.
It nijsfoarum yn Buro de Vries