Auto fljocht út de bocht yn Hijum; bestjoerder útpykt
De helptsjinsten waarden sneontenacht krekt nei healwei ienen alarmearre foar in iensidich ûngelok op De Loane yn Hijum. In auto wie út 'e bocht flein en tusken de beammen bedarre. De bestjoerder wie spoarleas.

Doe't de helptsjinsten arrivearren, wie de bestjoerder nearne te bekennen. De plysje hat noch in sykslach makke yn 'e omjouwing, mar trof de bestjoerder net oan. Oft der drank of drugs yn it spul wie, is ûnbekend.